Foarútgong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L →‎Skiednis: dat moat leau 'k "it" wêze...
Rigel 2:
 
==Skiednis==
It hiele idee fan 'foarútgong' bestie yn 'e [[Aldheid]], de [[Midsiuwen]] en de [[Renêssânse]] net. Men gie yn dy tiid algemien út fan in statyske wrâld en maatskippij, en as der [[filosofy|filosofearre]] waard oer oare, bettere wrâlden, gie it dêrby ek om statyske [[utopy]]en, lykas yn [[Plato]] syn ''[[Steat (Plato)|Steat]]'', of yn ''[[Utopia (boek)|Utopia]]'' fan [[Thomas More]]. As men al feroaring yn 'e wrâld seach, dan gie dy ornaris de ferkearde kant út: in stadige fal yn 'e rjochting fan [[barbarij]] dy't oan it begjin fan 'e [[skiednis]] begûn wie trochdat de iene of oare [[ramp]] in ein makke hie oan in gouden tiidrek. In foarbyld dêrfan is de [[Sûndefal]] sa't dy beskreaun stiet yn it [[bibel]]boek ''[[Genesis (bibelboek)|Genesis]]'', as gefolch wêrfan't de minske út 'eit [[Hôf fan Eden]] ferdreaun waard. Ek yn oare [[kultuer]]en as de [[Westerske wrâld|Westerske]] kaam it begryp 'foarútgong' net foar. Sa giene it [[hindoeïsme]] en it [[boedisme]] út fan 'e skiednis as in ûneinige syklus fan skepping en ferneatiging, it saneamde Tsjil fan [[Brahma (god)|Brahma]], wêrby't deselde skiednis om 'e safolle tûzen jier wer foarby kaam.
 
Om [[1650]] hinne begûn yn [[Jeropa]] it idee troch te brekken dat de wrâld en de minsklike maatskippij net altyd itselde hoegden te bliuwen, krektoarsom, dat se altyd en oanhâldend oan it feroarjen wiene. Iere pioniers fan it tinken op dat mêd wiene [[Jean Bodin]] oan 'e ein fan 'e [[sechstjinde iuw]] en [[Francis Bacon]] yn 'e earste helte fan 'e [[santjinde iuw]]. It idee fan 'e net tsjin te hâlden foarútgong waard fan 'e midden fan 'e [[achttjinde iuw]] ôf fierder útwurke troch tinkers fan 'e [[Ferljochting]] as [[René Descartes]], [[Blaise Pascal]] en [[Jean-Jacques Rousseau]]. Yn 'e [[sosjale teory]]en fan 'e iere [[njoggentjinde iuw]], fan ûnder oaren [[Auguste Comte]] en [[Herbert Spencer]], naam it idee fan 'e foarútgong in sintraal plak yn. Fan likernôch de [[Frânske Revolúsje]] ôf waarden minsken har der ek bewust fan dat foarútgong net wat wie dat men mar wurkeleas ôfwachtsje moast, mar dat men der ek aktyf nei stribje koe.