Margareta fan Antiochje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks hillige | ôfbylding = St margaret museo del prado madrid.jpg | ôfbyldingstekst = <center>''Sint-Margryt''.</center> | ôfbyldingsbreedt..."
 
tegearre=twatal
Rigel 47:
 
== Hagiografy ==
Neffens de ferzje fan de [[Legenda aurea]] fan Jakobus de Voragine waard Margareta berne as dochter fan in heidenske preester. Har mem ferstoar al gau nei de berte fan Margareta en sa krige se fan in kristlike frou it boarst. Har amme, dy't in pear kilometer fan Antiochje ôf wenne, adoptearre har en dêr op it plattelân hoede se de skiep. Ek waard se ûnderwiisd yn it kristlike leauwe en Margareta liet har tsin it sin fan har heit bekeare. De romeinskeRomeinske prefekt Olibrius kaam ris del en doe't er seach hoe kreas hja wie woed er mei harrehar trouwe. Hja foldie oan alles dat er winske, mar easke dat se it kristendom ôfswarde. Nei't se wegere har leauwe ôf te swarren folge de martlersgong. Wylst barden der neffens de oerlevering grutte mirakels. Ien dêrfan wie dat se yn de finzenis troch de duvel yn de foarm fan in draak opfretten waard. De yngewanten fan de draak fernearren lykwols net it krús dat Margareta mei har meidroech en spuide har wer út. De Legenda aurea beskriuwt dat lêste as apokryf en dat it net earnstich nommen wurde moat. In fariaasje yn it ferhaal is dat de draak tebarste by it slaan fan in krús troch Margareta.
[[File:Deckengemälde, St. Margarethen (Waldkirch) - Margarethe-Zyklus 3.jpg|thumb|left|250px|''Plafondfresko fan de martlersgong fan Sint-Margareta yn de stiftstsjerke St. Margarethen (Waldkirch, Dútslân)'']]
Doe't de prefekt yn 'e rekken krige dat er Margareta net foar him winne koe liet er har finzen sette. It besykjen om har te ferdrinken mislearre en nei't se har tamtearren mei izeren kammenkammn en gleone fakkels ferstoar Margareta troch ûnthalzing lang om let de martlersdea.
 
Letter wie Margareta ien fan de stimmen dêr't [[Jeanne d'Arc]] har troch liede liet.
 
== Ferearing ==
Margareta is ien fan de fjirtjin needhelpers. Tegeare meiMei [[Dorotéa fan Kapadoasje|Dorotéa]], [[Barbara fan Nikomeedje|Barbara]] en [[Katarina fan Aleksandrje|Katarina]] foarmet hja de fjouwer '' Quattuor Virgines Capitales'', de fjouwer wichtichste hillige jongfammen. Foar boeren sette op guon plakken eartiids de rispinge op de Margaretadei útein.<ref>[https://www.encyclo.nl/begrip/Quattuor%20Virgines%20Capitales Encyclo.nl]</ref> Op it skiereilân [[Atos]] wurde yn ferskillende kleasters reliken bewarre fan har hannen.<ref>[https://www.johnsanidopoulos.com/2016/07/the-relics-of-saint-marina-photos.html ohnsanidopoulos.com]</ref>
 
== Sint-Marina ==
Rigel 65:
 
== Beskermhillige ==
Hja is patronespatronesse fan boeren, hoeders, jongfammen, boarstbringsters, froulju yn'e bertefleagen en ûnfruchtbere froulju. Se wurdt oanroppen by syktes oan it antlit, wûnen en ûnfruchtberens.
 
{{boarnen|boarnefernijing=