Margareta fan Antiochje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tegearre=twatal
LNo edit summary
Rigel 54:
 
== Ferearing ==
Margareta is ien fan de fjirtjin needhelpers. Mei [[Dorotéa fan Kapadoasje|Dorotéa]], [[Barbara fan Nikomeedje|Barbara]] en [[Katarina fan Aleksandrje|Katarina]] foarmet hja de fjouwer '' Quattuor Virgines Capitales'', de fjouwer wichtichste hillige jongfammen. Foar boeren sette op guon plakken eartiids de rispinge op de Margaretadei útein.<ref>[https://www.encyclo.nl/begrip/Quattuor%20Virgines%20Capitales Encyclo.nl]</ref> Op it [[skiereilân]] [[Atos]] wurde yn ferskillende kleasters reliken bewarre fan har hannen.<ref>[https://www.johnsanidopoulos.com/2016/07/the-relics-of-saint-marina-photos.html ohnsanidopoulos.com]</ref>
 
== Sint-Marina ==
Rigel 62:
Fanwegen it foarkommen fan de draak as attribút wurdt Margareta wol lyksteld mei de fan [[Joaris (hillige)|Joaris]] befrijde keningsdochter. Fierder draacht Margareta fakentiden in krús of in fakkel. Ek komt it foar dat se in palmtûke yn har hân hâldt.
 
De foarstellings fan Margareta yn de kristlike ikonografy komme sûnt de 10e iuw yn it easten en sûnt de 12e iuw yn it westen foar. Yn de [[Noarwegen|Noarske]] [[staaftsjerkesteaftsjerke]] fan [[Torpo]] bleau in 12e-iuwsk fresko fan de hillige Margareta bewarre, dat him lêze lit as stripferhaal. Yn Fryslân bleau in fresko fan Margareta oan ien fan de noardlike pylders fan de [[Martinytsjerke (Frjentsjer)|Martinytsjerke]] yn [[Frjentsjer]] bewarre.<ref>[https://pkn-franeker.nl/gebouwen/martini-kerk/rondleiding-martinikerk/ PKN-Frjentsjer, oproppen 08.04.2019]</ref>
 
== Beskermhillige ==