Feodalisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rolandfealty.jpg ferfange troch Louis_I_of_Naples_-_Order_of_the_Knot.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 3 (o
Rigel 2:
 
== Untstean ==
[[File:RolandfealtyLouis I of Naples - Order of the Knot.jpg|thumb|Roland swart trou oan [[Karel de Grutte]]<br><small>yllustraasje út in manuskript mei in ''chanson de geste''</small>]]
It feodalisme ûntstie yn de lette [[Romeinske ryk|Romeinske tiid]] doe't de oerheid en de stêden hieltyd mear yn ferfal rekken, en de befolking twongen waard, om, yn ruil foar har frijheid, stipe te freegjen fan de lâns-[[eallju]] foar feiligens. It kaam ta folle waaksdom ûnder de [[midsiuwen]]. Skaaimerk foar dizze maatskippij wie, dat it bewâld grûne wie op in persoanlike bân tusken in '''lienhear''' en in '''lienman'''. De lienman wie de [[fazal]] fan de lienhear en moast de lienhear dêrom '''hulde dwaan'''. Dat woe sizzen dat er ferplichte wie ta in publyklike ûnderwerping oan 'e lienhear en it ferrjochtsjen fan beskate tsjinsten foar dyselde (benammen [[kriich]]stsjinsten). De hear joech him as beleanning in '''lien''' (''feodum'') dat meastentiids út in stik lân bestie, en dêr't de fazal de opbringst fan foar de eigen libbensûnderhâld brûke mocht.