Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
13
13
Rigel 36:
 
[[Ofbyld:Into the Jaws of Death 23-0455M edit.jpg|thumb|200px|left|Amerikaanske troepen yn [[Jeropa]], [[D-Day]] [[1944]].]]
Yn de [[Kâlde Kriich]] fochten de Feriene Steaten en de Sowjetuny as supermachten om [[Jeropa]] en foar mear sizzenskip yn de wrâldpolityk. De Feriene Steaten besocht dat fia de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]], de [[kommunisme|kommunistysk]] Sowjets hienen dêrfoar harren eigen alliânsje, it [[Warsjaupakt]]. Alhoewol't it net ta in direkte kriich kaam, fochten Amerikaanske troepen tsjin kommunistyske [[Sina|Sineeske troepen]] yn de Korea Kriich fan 1950-53. De Sowjets makken yn [[1961]] de earste bemandebemanne romtereis, de Amerikanen hienen yn 1969 as earste in man op de [[moanne (himellichem)|moanne]] krigen. De spanningen tusken de Feriene Steaten en de Sowjetuny wienen op in hichtepunt doe't de Sowjetuny nukleêre wapens op [[Kuba]] stasjonearre. Yn de sechtiger jierren groeide de minskerjochtebeweging ûnder [[Martin Luther King]]. Nei de deadlike oanslach op Kennedy yn 1963, waard de ''Civil Rights Act'' fan 1964 en de ''Voting Rights Act'' fan 1965 ratifisearre ûnder [[presidint]] Lyndon B. Johnson. Tusken 1959-75 fochten Amerikaanske troepen tsjin de kommunistyske Fietkong yn de ûnsúksesfolle [[Fietnam]]-kriich. Mei de tiid boaze it tal tsjinstanners fan de kriich oan, it swarte nasjonalisme groeide, it feniminisme groeide en út de Feriene Steaten wei wreide de seksuele revolúsje him út oer de westerske wrâld. Troch it Watergate skandaal fan 1974 waard Richard Nixon de earste Amerikaanske presidint dy't ôftrede moast foar de ein fan syn presidintstermyn. Jimmy Carter waard twa kear keazen as presidint. Hy wie benammen sterk yn diplomasy mei de [[Sowjetuny]]. Mei de fal fan de Sowjetuny kaam der in ein oan de Kâlde Kriich.
 
[[Ofbyld:WTC9-11.jpg|thumb|200px|Oanslach op it World Trade Center.]]
Nei de Kâlde Kriich bleau de Feriene Steaten oer as iennige supermacht op ierde. Dêrby hienen hja ek in liedende rol yn de Golf Kriich en de kriich yn it eardere [[Joegoslaavje]]. Troch in seksskandaal yn 1998 kaam Bill Clinton wat nuver yn it nijs, mar hy bleau sitten as presidint. By de presidintsferkiezings fan 2000 waard [[George W. Bush]] presidint. Op [[11 septimber]] [[2001]] fleane [[Al Kaida]] terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn [[New York (stêd)|New York City]], it Pentagon by [[Washington, D.C.]], likernôch trije tûzen minsken rekken dêrby dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism". Dy't oan 'e ein fan 2001 begûn mei in Amerikaanske ynvaasje yn [[Afganistan]], dêr't de Amerikanen de Taliban by út it lân reagen. De Taliban feroare har taktyk en begûn mei in guerilja kriichgueriljakriich. Yn 2002 woe it Bush regear in rezjymwiksel yn [[Irak]] ha. De [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] en de [[Feriene Naasjes]] stipen de Feriene Steaten hjirby net, wêrtroch it Bush regear begjint mei in "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen). De koalysje foel Irak oan yn [[2003]] en mei in moanne wie de [[Irakkriich]] wûn en de diktator Saddam Hussein fuort. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken op it mêd fan minskerjochten.<ref>[https://archive.is/20120715080730/thereport.amnesty.org/eng/Regions/Americas Ferslach fan Amnesty International]</ref> Op [[4 novimber]] [[2008]], middenmank de [[kredytkrisis]], wurdt [[Barack Obama]] keazen as presidint. Hy is de earste swarte [[presidint fan de Feriene Steaten]].
 
== Geografy ==
Rigel 77:
=== Klimaat ===
[[Ofbyld:Climatemapusa2.PNG|thumb|left|Klimaatgebieten yn de Feriene Steaten.]]
De Feriene Steaten hawwe ferskate klimaatstypenklimaattypen. Alaska hat in arktysk klimaat, mei dêrby de heechste bergen fan de Feriene Steaten (Mount McKinley, 6195 meter). Hawaï hat in [[tropysk klimaat]] mei [[tropysk reinwâld]], en it suden fan Florida hat de tropyske savannen fan de Everglades. De hûndertste meridiaan is ornaris de skiedsline tusken de drûge en fochtige klimaten. Westlik fan de hûndertste meridiaan hearsket in frijwat drûch steppeklimaat, eastlik dêrfan is it klimaat oer it generaal fochtich. It noardeasten fan de Feriene Steaten hat in fochtich, kontinintaal klimaat. Yn grutte berchgebieten lykas de [[Rocky Mountains]], de Sierra Nevada, en de Cascade Range oerhearsket in berchklimaat (''alpine climate''). Yn it súdwesten lizze ferskate [[Woastynklimaat|woastyngebieten]]. It pasifyske kustgebiet yn it noardwesten falt wol in soad rein.
 
Yn it midwesten komme wol gauris [[tornado]]'s foar, yn it gebiet dat ek wol ''Tornado Alley'' neamd wurdt. Yn it súdeasten komme grutte [[Orkaan|tropyske orkanen]] foar. De Feriene Steaten hawwe mear tornado's as alle oare lannen op de wrâld mei-inoar.<ref>Charles A. Doswell III: [http://cimms.ou.edu/~doswell/barcelona/severes.html Severe Storms]</ref>
Rigel 114:
=== Bûtenlânske polityk & definsje ===
[[Ofbyld:Hague Clinton May 14 2010 Crop.jpeg|thumb|250px|De Britske âld-Minister fan Bûtenlânske Saken William Hague mei de Amerikaanske âld-Minister fan Bûtenlânske Saken Hillary Clinton]]
Fan it begjin fan de ûnôfhinklikens fan de tretjintrettjin kolony's yn 1776 en oan de [[Earste Wrâldkriich]] ta sloech it politike [[isolasjonisme]] foar master op. Sels yn de Twadde Wrâldkriich wie it stribjen om sa min mooglik yn ynternasjonale saken/konflikten behelle te wurden. Mei de Earste Wrâldkriich en it ynsetten fan Amerikaanske militêren yn Jeropa moast de Feriene Steaten him foar it earst wol om bûtenlânske saken bekroadzje. Mei de [[oanfal op Pearl Harbor]] wie it isolasjonisme definityf oan syn ein kaam. Dêrfoar kaam, mei troch de Twadde Wrâldkriich en de dêrop folgjende [[Kâlde kriich]], it politike ynternasjonalisme. De Feriene Steaten wie in supermacht wurden en sa krige bûtenlânske saken mear prioriteit as yn it ferline.
 
Op it mêd fan bûtenlânske polityk hat de Feriene Steaten hjoed-de-dei in (faak wichtige) stim yn ynternasjonale organisaasjes lykas de [[G8]],<ref>[http://www.g8.utoronto.ca/what_is_g8.html Wat is de G8] útlis oer de G8 yn it Ingelsk fan it G8 ynformaasje sintrum</ref> de [[G20]], de [[NAFO]] en de [[Feriene Naasjes]]. Dêrmei hat in de Feriene Steaten in aardich grutte politike, ekonomyske en militêre ynfloed oer de hiele wrâld. De measte lannen hawwe ambassades yn Washington, D.C. en konsulaten rûnom yn de gruttere stêden. Oarsom hawwe oare lannen ek Amerikaanske ambassades en konsulaten. Allinnich Kuba, Iran, Noard-Korea, Bûtan en de Republyk Sina (Taiwan) hawwe gjin diplomatyske bannen mei de Feriene Steaten. Yn 2008 joech de Feriene Steaten $25,4 miljard út oan ûntwikkelingshelp, it heechste bedrach fan alle lannen op 'e wrâld. Lykwols is de Amerikaanske bydrage oan ynternasjonale ûntwikkelingshelp mei sa rûchwei 0,2 persint fan it [[bruto nasjonaal ynkommen]] in stik leger as de bydragen fan Sweden (1,04%) en it Feriene Keninkryk (0,52%). Lykwols wurde in soad goede ynternasjonale doelen net troch de steat betelle mar troch de Amerikanen sels.<ref>Anup Shah: [http://www.globalissues.org/article/35/foreign-aid-development-assistance Foreign Aid for Development Assistance (publisearre op 8 april 2012)] op globalissues.org (sjoen op 19 juny 2012)</ref>