Adam Laksman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Ping: Drewes, dizze side liket ferjitten te wurden..
Rigel 27:
 
== Ekspedysje nei Japan (1792)==
[[FileOfbyld:Kodayu-Isokichi Two Japanese casteways returned by Laxman 1792.jpg|thumb|left|[[Daikokuya Kōdayū]] (大黒屋光太夫) en Isokichi (磯吉): de Japanske skipbreklingen dy't Adam Laxman yn 1792 werobrocht]]
Laxman lâne op [[Hokkaido]] yn oktober 1792 en moete dêr leden fan de [[Matsumae-clan]], dy't belêstige wiene mei de ferdigening fan Japans noardlike grinzen. Oars as eardere bûtenlanners waard Laksman gastfrij ûnfongen. Dat feroare lykwols doe't er easke om de skipbreklingen persoanlik nei [[Edo]] (it [[Tokyo]] fan no) te bringen wat troch de Japanners as ûnfatsoenlik beskôge waard. Troepen út Edo stjoerd troch hege riedshear [[Matsudaira Sadanobu]] besochten Laxmans reis djipper Japan yn foar te kommen of te fertraagjen. Sy fregen him om oer it lân nei de stêd [[Matsumae (Hokkaido)|Matsumae]], dat sûnder syn skip. Laxman wegere en krige lang om tastimming om ûnder marine-eskorte nei de haven fan [[Hakodate]] te silen; 450 Russen en Japanners rûne dêrwei nei it kastiel [[Matsumae (kastiel)|Matsumae]].