Barbara fan Nikomeedje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 53:
De wichtichste reden wie lykwols dat de heit Barbara har bekearing ta it kristendom tefoarren komme woe. En dêr slagge er net yn want tsjin it sin fan de heit waard Barbara dochs kristen. Troch syn dochter te folterjen tocht er dat er har wer by sinnen krije koe, mar it wurke krekt oarsom by Barbara en hja waard allinne mar fûleindiger yn har leauwe. Doe't har heit ris net thús wie liet Barbara yn de toer dêr't se fêst siet in tredde finster oanbringe as symboal fan de Trijeienheid. Ek liet se har yn in heidensk offerbekken dope. Har heit wie dûm fan lilkens doe't er dat fernaam en naam it beslút om syn dochter te deadzjen. Barbara wist troch in spjalt yn 'e rots út te piken, maar waard ferret troch in hoeder. Neffens in leginde feroare God dy hoeder yn in stien of krobbe, wylst God syn skiep yn sprinkhoannen feroare.
 
Dioscuros krige syn dochter werom en nei't er har slein hie brocht er har nei de romeinskeRomeinske steedhâlder Marsianus, dy har ta de dea feroardiele. Yn de stêd waard se sa slim mishannele, dat it fel har by flarden en raffels by it lichem delhongen. Yn de finzenis besocht Kristus Barbara, dy't har wûnen better makke. Dat makke de steedhâlder poermâl en hy joech opdracht om Barbara yn it iepenbier te marteljen. Se waard mei knuppels slein, har boarsten waarden ôfsnien, se waard mei fakkels bewurke en neaken troch de strjitten fan de stêd sleept. Lang om let krige har heit it swurd en makke eigenhannich in ein oan it libben fan syn dochter troch har holle der ôf te slaan.
 
Flak foar har dea bea Barbara ta God en frege dyjingen dy't Him oanrôp en har betochten te frijwarjen foar de [[pest]] en harren sûnden te ferjaan. Dêrom waard Barbara yn de midsiuwen ta de [[fjirtjin needhelpers]] rekkene en waard se beskermhillige foar minsken dy't op stjerren leine.
Rigel 62:
De feestdei fan de hillige Barbara is sûnt de 12e iuw de fjirde desimber. Yn 'e folksmûle waard dy dei Barbaradei neamd. De datum fjouwer desimber is ek troch guon protestantske denominaasjes yn de protestantske nammekalinder oernommen.
Yn it ramt fan de tsjerklike herfoarmings fan it [[Twadde Fatikaanske Konsylje]] waard Barbara fanwegen de legindefoarming om har persoan fan de romeinskeRomeinske kalinder skrast. Fanwegen de grutte ferearing ûnder it folk bleau har feestdei regionaal lykwols yn eare.
 
Yn tunnels en ûndergrûnske minen binne fakentiden nissen of skrinen mei bylden fan Sint-Barbara te finen.
 
== Ikonografy ==
[[File:Saint Barbara, Virgin and Martyr (3rd c.) at St. Stanislaus Kostkas, Pittsburgh.jpg|thumb|left|200px|Sint-Barbara op in raam yn de St. Stanislaus Kostka Church, [[Pittsburgh]]]]
Barbara is ien fan de fjirtjin needhelpers en har hâlden en dragen ûnder har ferfolging stiet symboal foar de ûnfersetlikens en de stânfêstigens yn it leauwe. Dêrnei ferwiist de foarstelling fan har attribút, in toer, dy't meastentiids trije finsters teldtelt. Dêrom wurdt se ek beskôge as patroanhillige fan tuorren en fêstings. Fanwegen har opdracht om in tredde finster yn de toer oan te bringen is se ek beskermhillige fan klokkelieders, arsjitekten en boufakkers.
 
Fanwegen it feit dat har heit ynienen ferstoar sûnder betsjinning fan it lêste sakramint wurdt Barbara oanroppen tsjin in ûnferwachtse dea. Nei alle gedachten ferwiist yn foarstellings de hosty en kelk dêrnei. Boeren dêrfoaroer sochten heil by Barbara tsjin ûnferwachtse rampen lykas de bliksem en fjoer. Ek is Barbara beskermhillige fan de brânwar en oare beroppen dy't te krijen hawwe mei de gefaren fan brân en fjoer, lykas goud- en wapensmeden.
 
Om't Barbara neffens de leginde yn 'e finzenis op in mirakuleuzemerakelse wize har troch in spjalt yn de rots ferstopje koe waard se ek troch mynwurkers, stienhouwers en geologen keazen as harren beskermhillige. Sadwaande binne yn foarstellings fan Barbara somtiden ek it ark fan dy beroppen te sjen.
 
In hiel oar attribút dat somtiden by Barbara wurdt ôfbylde wurdt is it kanon. Mooglik hawwe se de toer eartiids mei in kanon betiizge. Mar de tradysje soe ek stamme kinne út in leginde út de tiid dat de SpanjaardenSpanjerts tsjin de Moaren fochten. By it belegerjen fan in stêd slagge it de kristlike SpanjaardenSpanjerts ynearsten net om in bresse yn de muorren fan de Moarske stêd te slaan. Pas nei't fromme belegerers nei de komst fan fersterkings de hillige Barbara oanrôpen sloegen de kanonskûgels grutte gatten yn de muorren.
 
Oare attributen fan Barbara binne de fakkel, de martlerspalm, de kroan en it swurd, somtiden draacht hja ek in boek as attribút.