Soen fan Grins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
 
Rigel 1:
De '''Soen fan Grins''' of '''Frede fan Grins''', sletten op [[1 febrewaris]] [[1422]], wie in fredesferdrach dêr't it skeel tusken de [[Skieringers]], dy't op dat stuit stipe waarden troch de greve fan Hollân, [[Jan fan Beieren]], en de [[Fetkeapers]], stipe troch [[Okko II tom Brok]] en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]], tydlik by besljochte waard.
 
De greven fan Hollân meitsje al iuwenlang oanspraak op de hearlikheid oer [[Fryslân]]. Fryslân soe harren yn lien jûn wêze troch de [[Hillige Roomske Ryk|Dútske keizer]]. Dêrby ferstiene hja ûnder Fryslân net allinne de hjoeddeistige provinsje Fryslân, mar teminsten ek de [[Ommelannen]] byyn [[Grinslân]].
 
Oan de ein fan de [[14e iuw]] ûntwikkelen harren ek in Fryslân saneamde ''partijrûzjes''. Beide partijen, yn Fryslân en Grinslân bekend as Skieringers en Fetkeapers, kenne mar amper in fêste gearstalling, stipe waard maklik ferliend, mar krekt sa maklik ek wer ynlutsen. Wat de oanlieding foar de oplôgjende striid presys west hat, is dreech te efterheljen.