An Ancient Peace: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 21:
}}
'''''An Ancient Peace''''' is in [[science fiction]]-[[roman]] fan 'e hân fan 'e [[Kanada|Kanadeeske]] [[skriuwster]] [[Tanya Huff]]. De [[titel (namme)|titel]] betsjut: "In Oerâlde Frede". It [[boek]] is it earste diel fan Huff har [[Peacekeeper-searje|''Peacekeeper''-searje]], dy't ta de gruttere [[Confederation-searje|''Confederation''-searje]] heart. [[Haadpersoan]] is Torin Kerr, in [[froulik]]e [[ûnderofsier]] by it [[marinierskorps]] fan 'e [[takomst]]ige Konfederaasje fan 'e [[minskheid]] mei [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdske rassen]]. ''An Ancient Peace'', dat [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[personele perspektyf]], kin los fan 'e oare dielen fan 'e rige lêzen wurde. It boek waard yn [[2015]] publisearre troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[útjouwerij]] [[DAW Books]], mei in [[omslach]] dy't makke wie troch [[Paul Youll]]. Dy publikaasje waard hast daliks folge troch in [[werútjefte]] by de [[Grut-Brittanje|Britske]] útjouwerij [[Titan Books]].
__TOC__
 
==Eftergrûn==
De [[Confederation-searje|''Confederation'']]-boeken fan Tanya Huff spylje yn in [[takomst]] wêryn't de [[minskheid]] him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdske rassen]]. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan [[kultuer|beskaving]] berikt hawwe dêr't [[geweld]], om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten, de saneamde Middelrassen, sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen mei de hannen yn 't hier om't de [[pasifisme|pasifistyske]] Konfederaasje net oer in [[leger]] of in [[float]] beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan [[planeet|planetêre]] ta [[ynterstellêr]]e [[oarloch]]fiering.