Ureum: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Side makke mei "− 150px|thumb|Formule fan uréum − 150px|thumb|Molekúlmodel fan uréum − '''Ureum''' (fan it Latynske ''..." |
No edit summary |
||
Rigel 1:
▲− [[Ofbyld:Urea-3D-balls.png|150px|thumb|Molekúlmodel fan uréum]]
▲− '''Ureum''' (fan it [[Latyn]]ske ''urea'') is in [[stikstof]]hâldende organyske ferbining mei de molekúlformule (NH<sub>2</sub>)<sub>2</sub>CO. Ureum is in ôffalprodukt by de aaiwytstofwikseling yn de [[lever]]. It is it grutste stikstofhâldend produkt yn de [[urine]] fan [[bisten]] en [[minsken]]. It hat gjin kleur, gjin geur en lost gau op yn wetter. De pH is neutraal. It wurdt yn de lânbou as dongstof brûkt en benammen yn [[keunstdong]]. It wurdt ek as in rûge stof yn de gemyske yndustry brûkt. By it hjitsjen wurdt it ôfbrutsen yn [[ammoniak]] en [[biuret]].<br/>
▲− It waard yn [[1727]] foar it earst troch [[Herman Boerhaave]] beskreaun, dy't it ''sal nativus urinae'' neamde.
▲− == Lânbou ==
▲− Ureum is in dongstof foar [[planten]]. It kin yn de grûn wurke wurde of op it blêd fan de plant spuite wurde. Planten kinne [[nitraat]] (NO<sub>3</sub><sup>−</sup>) streekrjocht út it boaiemfocht opnimme, wylst ureum en [[ammonium]] (NH<sub>4</sub><sup>+</sup>) yn de [[ierdboaiem]] earst yn nitraat omsetten wurde moat. Ureum splitst yn de [[amide]]foarm en kin streekrjocht troch de plant brûkt wurde by it oanmeitsjen fan [[aminosoeren]]. It foardiel fan dy manier fan bedongjen is dat de plant gjin ekstra wetter op hoecht te nimmen. Planten waakse flugger troch stikstof út nitraat en krije in ljochtere kleur fan it ekstra opnimmen fan wetter. By it opnimmen fan amidestikstof wurdt de plant sterker, mar waakst lykmatiger.<br/>
▲− De gong fan it omsetten hinget ôf fan de hoemannichte focht yn de grûn en de timperatuer fan de grûn. It omsetten fan uréum ta ammonium duorret by in grûntimperatuer fan 10 °C likernôch twa dagen. Foar it omsetten fan ammonium ta nitraat is by dy timperatuer twa wike nedich. Nitrifisearjende [[mikro-organisme]]n binne ferantwurdlik foar dy twa prosessen. In stadige omsetting is poityf foar it waaksen, om't it by reinfal net daliks útspielt, en ferminderet de risiko op ferbaarning fan de planten. In grut neidiel is it ferflechtigjen fan de stikstof, troch it omsetten ta ammoniak, dêrtroch't dongstof ferfart en in gruttere kâns op fersmoarging fan de [[atmosfear]].
▲− == Yndustry ==
▲− [[Ofbyld:Sample of Urea.jpg|150px|thumb|Uréumkorrels]]
▲− Ut [[metaan]], [[disoerstof]], [[distikstof]] en [[wetter]] wurdt ureum produsearre. Yn [[2004]] waard 127 miljoen ton produsearre. Earst wurdt [[ierdgas]] [[kreakje (skiekunde)|kreake]] om [[wetterstofgas]] te produsearjen. Dêrnei wurdt dermei mei stikstofgas út de loft ammoniak makke mei it [[Haber-Boschproses]].<br/>
▲− It ammoniak wurdt dêrnei yn ureum omsetten troch in reaksje fan ammoniak mei [[wetterstofkarbonaat|koalsoer]]:
▲− :<chem> 2 NH3 + CO2 <=> H2N-COONH4</chem> (ΔH= -117kJ/mol @ 110 atm, 160°C)
▲− :<chem> H2N-COONH4 <=> (NH2)2CO + H2O</chem> (ΔH= +15.5 kJ/mol @ 160-180°C)
▲− Fan de ureum wurdt kerrels makke.
▲− == Diselmoters ==
▲− Yn in oplossing fan 32,5 persint yn demineralisearre wetter kin men ureum by tankstasjons krije ûnder de merknamme ''[[AdBlue]]'', dat by de [[katalysator]] ynspuite wurdt. De by it ferbaarnen foarme stikstofoksiden (NO<sub>x</sub>) wurde dêrnei omsetten yn wetter en stikstofgas (N<sub>2</sub>). Swiere diselmoters dy't dy metoade brûke, kinne dêrtroch oan de strange emissynoarmen foldwaan.
▲− [[Kategory:Dierlik produkt]]
▲− [[Kategory:Skiekunde]]
▲− [[Kategory:Keunstdong]]
▲− [[Kategory:Lânbou]]
▲− [[Kategory:Lienwurd út it Latyn]]
|