Nederlânske Lânwacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsjes
Rigel 1:
De '''Nederlânske Lânwacht''' (offisjeel: '''''Nederlands(ch)e Landwacht''''' wie in [[Nederlân]]ske paramilitêre organisaasje dy't op 12 novimber [[1943]] troch de [[Nazy-Dútslân|Dútske]] besetter oprjochte waard. De Lânwacht moat net troch elkoar helle wurde mei it militêre frijwilligerskorps 'Landwacht Nederland' dat yn maart 1943 oprjochte waard en yn oktober omneamd waard ta ''[[Landstorm Nederland]]'', in ûnderdiel fan de [[Waffen-SS]]. Nei [[Mâle Tiisdei]] waard de [[Frijwillige Helpplysje]] oan de Lânwacht taheakke.
[[Ofbyld:Keuring Landwacht -Fotodienst der NSB - NIOD - 156382.jpeg|thumb|Keuring Lânwacht (Amsterdam, 28 febrewaris 1944)]]
[[Ofbyld:Landwacht - Fotodienst der NSB - NIOD - 212291.jpeg|thumb|Lânwachters lizze beslach op blikgriente (9 juny 1944)]]
 
[[Kees van Geelkerken]], de twadde man fan de [[NSB]], waard yn novimber 1943 troch [[Seyss-Inquart]] beneamd ta Ynspekteur-Generaal fan de Lânwacht. Nei ''[[Mâle Tiisdei|Dolle Dinsdag]]'' foel de Lânwacht streekrjocht ûnder [[Rauter]] as ''Befehlshaber der [[Ordnungspolizei]]''. Nei de oanslach op Rauter yn maart 1945 waard de Dútske SD'er [[Karl Eberhard Schöngarth|Eberhard Schöngarth]] syn plakferfanger.