Starnumanbosken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 2:
De '''Starnumanbosken''' is in natoergebiet yn [[Gaasterlân]].
 
De bosken krigen har namme troch de famylje Star Numan. Dy famylje hie, krektas de oan har besibbe famylje Van Swinderen, grutte stikken bosk yn Gaasterlân foar de eksploitaasje fan ikehout en ikebast. De Starnumanbosken grinzje oan de [[Lycklamabosk]] en de [[Bremer Wyldernis]], dy't troch de Van Swinderens eksploitearre waarden. De Starnumanbosken binne sûnt de jierren tachtich fan de 20e iuw yn behear by [[Steatsboskbehear]], dy't it eastlike stik, tusken de [[Kippenburch]] en [[Rûgehuzen]] besiket om te foarmjen nei in [[oerbosk]]. Troch de ûnderlizzende [[balstienbalstienliem]]liemlaachlaach yn de bosk, dy't gjin wetter trochlit, waarden der greppels groeven foar de ôfwettering. De frijkommen grûn waard brûkt om it beboske diel op te heegjen. Dat joech de Starnumanbosken in kenmerkjende [[Rabat (boskbou)|rabattestruktuer]]. Oan de noardwestside wurde de Starnumanbosken begrinze troch de [[Luts]] en de [[Provinsjale wei 359 |N359]]. Oan de oare kant hjirfan leit de [[Harichsterbosk]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=