Artur Albrecht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 27:
'''Wilhelm Artur Albrecht''' ([[Pieńsk|Penzig]], [[15 desimber]] [[1903]] - [[Waalsdoarperflakte]], [[21 maart]] [[1952]]) wie in [[Dútslân|Dútske]] militêr en de lêste Dútske oarlochsmisdiediger dy't yn Nederlân yndie de [[deastraf]] krige.
 
Albrecht wie foar de [[Twadde Wrâldoarloch]] plysjekommandant yn Dútslân. Fan 1935 ôf wie er yn tsjinst fan de [[Gestapo]]. Yn de oarloch hie er de rang fan [[Hauptsturmführer]] binnen de [[Schutzstaffel|SS]]. Yn septimber 1944 waard er út [[Gent]] wei oerpleatst nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dêr't er it [[''Aussenkommando]]'' ('bûtenkommando') fan de [[Sicherheitsdienst]] en [[Sicherheitspolizei]] late. Hy wie yn dy funksje ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan de oarder yn Fryslân.<br>
Yn dy funksje wied er aktyf en passyf belutsen by marteling en eksekúsjes fan fertochten. Albrecht wie ferantwurdlik foar de eksekúsje fan tsientallen finzenen, benammen as represaille foar aksjes fan it [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|ferset]]. Sa hie er bygelyks de lieding by de [[Moarden fan Dokkum|represaille-eksekúsje]] op 22 jannewaris 1945 yn Dokkum.