Godehardus fan Hildesheim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 47:
 
== Vita ==
Godehardus waard yn Reichersdorf yn it eastlik Beieren berne. Syn heit Ratmund bewurke as boer de fjilden fan it de ynfloedrike benediktynske abdij Niederaltaich. Dat Godehardus tige yntelligint wie foel dêr op en sa kaam er op de kleasterskoalle telâne. Hy waard muonts en mei help fan hartoch Hindrik (de lettere keizer [[Hindrik de Hillige|Hindrik II]]) al yn 996 abt, ynearsten fan Niederaltaich en tagelyk yn de jierren 1001-1002 yn Tegernsee en fan 1005 oant 1012 ek yn Hersfeld. Fan 1007 oant 1013 wied er ek ferantwurdlik foar de abdij Kremsmünster. Yn dy tiid sette fanút [[Abdij fan Cluny|abdij fan Cluny]] in grutte herfoarmingsbeweging yn, dy't Godehardus yn de him tabetroude kleasters konsekwint trochfierde.
 
Nei de dea fan biskop Bernward waard Godehardus yn 1022 troch keizer Hindrik ta biskop beroppen en troch Aribo fan Mainz yn it amt wijd. It wie de tiid fan de [[Ottoanen|Saksyske keizers]], doe't Hildesheim ien fan de politike en kulturele sintra fan it [[Hillige Roomske Ryk|ryk]] wie. Godehardus sette it wurk fan syn foargonger mei faasje fuort en yn syn bisdom waarden wol tritich nije tsjerken boud. Yn de stêd waard de Sint-Michaeltsjerke (''Michaeliskirche'') foltôge en de domtsjerke krige in nij [[westwurk]]. Hy kaam op foar de rjochten fan syn bisdom en hy fuortsterke de bou fan skoallen en boekenkeunst. Mar boppe alles ferdjippe er him troch synoades en reizen yn it geastlike libben fan syn bisdom. Hy liet oeral in grutte yndruk efter troch syn ienfâldige en asketyske wize fan libjen en de legindes dy't al gau mei syn namme anneks waarden, spegelje de krêft en yndruk fan syn persoanlikens. Hy ferstoar op 5 maaie 1038 yn it troch him stifte Mauritiuskleaster by Hildesheim.