Albany (New York): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 30:
 
== Skiednis ==
Albany ûnstieûntstie yn [[1647]] by it troch de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Nederlanners]] yn [[1624]] stichte ''[[Fort Oranje (New York)|Fort Oranje]]'', dat ''[[Fort Nassau (Noortrivier)|Fort Nassau]]'' ferfange moast. It fort wie in hannelspost dêr't fral beverpelzen fan de ynlânske befolking ynkocht waarden. De stêd hiet yn't earstoan [[Beverwijck]] en wie de twadde stêd fan [[Nij-Nederlân]] nei [[Nij-Amsterdam]]. De stichter wie Brant fan Slichtenhorst. Yn [[1660]] hie de stêd 1050 ynwenners. De twa wichtichste strjitten hieten de Handelaersstraet (no Broadway) en de Jonckheerstraet (no State Street). De stêd hie ringsom in houten palissade.
 
Yn [[1664]] ferôveren de [[Ingelân|Ingelsken]] it gebiet. Se doopten it fort om yn ''Albany'', ta eare fan de Hartoch fan Albany, de lettere kening [[Jakobus II fan Ingelân]]. Yn [[1797]] waard Albany de haadstêd fan de steat [[New York (steat)|New York]].