Ottawa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 37:
 
== Skiednis ==
De earste Jeropese delsettings yn it gebiet waarden dêr fêstige fanwege de houtyndustrie. Nei de [[Oarloch fan 1812]] waard ymmigraasje nei Ottawa troch de oerheid stimulearre en it tal ynwenners naam hurd ta. Kolonel John By naam yn [[1832]] it inisjatyf foar de oanlis fan it Rideaukanaal, in alternative roete nei [[Montréal]] dy't fieder fan de AmearikaanskeAmerikaanske grins ôf leit. De stêd dy't hjirtroch ûnstieûntstie waard Bytown neamd en de oanlis fan it Rideaukanaal joech de regio ekstra betsjutting foar de hannel. Yn [[1855]] waard de namme Bytown feroare nei Ottawa.
 
Ottawa waard op [[31 desimber]] [[1857]] as de haadstêd fan Kanada keazen: de kar foar de stêd wie in kompromys, omdat oare kandidaten lykas [[Montréal]] en [[Toronto]] tefolle yn de Frânske of Ingelske tradysje stienen. Boppedat lei de stêd in stik fierder fan de Amearikaanske grins ôf, dat as in (militêr) foardiel beskôge waard.
 
It parlemintsgebouwparlemintsgebou fan Ottawa waard boud op in gloaiende heuvel, ''Parliament Hill / Colline du Parlement'', tichtby it begjinpunt fan it Rideaukanaal. Op [[3 febrewaris]] [[1916]] brânne it gebouw ôf waarna in [[1922]] it hjoeddeistige gebouw waard oplevere mei de ''Peace Tower / Tour de la paix'', de [[klokkentoren]], dy't tsjintwurdich it symboal foar de haadstêd is.
 
Ottawa wie tidens de [[Twadde Wrâldoarloch]] it wenplak fan prinses Juliana mei har bern, wêrtroch de stêd noch altiten in bysondere bân mei [[Nederlân]] hat. Elts jier, yn de moanne [[maaie]], fynt yn Ottawa it ''Tulip Festival / Festival des tulipes'' plak werby it Nederlânske keningshûs 10.000 tulpenbollen nei de stêd stjoert as tankberens foar de hûsfesting fan de keninklike famylje en de befrijing fan Nederlân troch de Kanadezen.