Pine Ridge (Súd-Dakota): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 23:
| webside =
}}
[[File:Shannon_County_South_Dakota_Incorporated_and_Unincorporated_areas_Pine_Ridge_Highlighted.svg|left|thumb|200px|De lizzing fan Pine Ridge yn [[Shannon County (Súd-Dakota)|Shannon County]] en yn 'ede steat [[Súd-Dakota]].]]
'''Pine Ridge''' [pa:in ɹɪʤ] ([[Lakota (taal)|Lakota]]: Wazíbló; útspr.: [wa'zi:blo:]) is it grutste plak fan [[Shannon County (Súd-Dakota)|Shannon County]], yn it súdwesten fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Súd-Dakota]]. Hoewol't it net it haadplak fan 'e ''county'' is (dat is [[Hot Springs (Súd-Dakota)|Hot Springs]]), is it wol it haadplak fan it [[Pine Ridge Yndianereservaat]] (''Pine Ridge Indian Reservation''), fan 'e [[Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota|Oglala Sû Stamme]] (''Oglala Sioux Tribe''). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] lei it ynwennertal fan Pine Ridge doe justjes boppe de 3.300 minsken.
 
==Skiednis==
Yn [[1868]], doe't as gefolch fan it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]], tusken de [[Lakota (folk)|Lakota]] en de Amerikanen, it [[Grutte Sû Reservaat]] stifte waard, ûnstieûntstie dêrmei ek in [[Yndiaansk agintskip]] fan it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] (BIA) foar de [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]] (en yn 't earstoan teffens foar de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]]). Dat agintskip kaam nei it [[opperhaad]] [[Reade Wolk]] it [[Reade Wolk-agintskip]] te hjitten, en wie earst sitewearre op trije ûnderskate plakken yn [[Wyoming]] en [[Nebraska]], oant it úteinlik yn [[1878]] te Pine Ridge fêstige waard. Yn [[1889]] waard it Grutte Sû Reservaat de helte lytser makke, wylst it restant opdield waard yn fiif lytsere reservaten. Ien fan dy fiif wie it [[Pine Ridge Yndianereservaat]]. Sûnt de [[njoggentjinde iuw]] is Pine Ridge in ôfhandige úthoeke bleaun, dêr't net in soad te rêden is. De [[ekonomy]]ske sitewaasje is poermin, mei in withoehege wurkleazens, in lege libbensferwachting en djippe earmoede.
 
== Demografy ==
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2000]] wie doe fan 'e befolking fan Pine Ridge 3,6% âlder as 65 jier en 46,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 13,1% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]], wylst 61% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]] libbe (foar it befolkingssegmint fan ûnder de 18 jier sels 74,6%). Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 94,2% [[Yndianen]]; 3,7% [[jeropide ras|blanken]]; 0,1% [[negroïde ras|swarten]]; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
 
=== Berne yn Pine Ridge ===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan bertejier--->
* [[Dick Wilson (stammepresidint)|Dick Wilson]] (1934-1990), [[politikus]]
* [[Billy Mills]] (1938), lange-ôfstânsdraver, winner fan 'e [[gouden medalje]] op 'e 10.000 m, op 'e [[Olympyske Simmerspullen 1964|Olympyske Spullen fan 1964]]
 
=== Stoarn yn Pine Ridge ===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan stjerjier--->
* [[Baptiste Pourier]] (1843-1928), [[ferkenner]], [[gids (berop)|gids]], [[tolk (berop)|tolk]] en [[keapman]]