Neogotyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 6:
 
== Untstean yn Ingelân ==
De neogotyk ûnstieûntstie yn [[Ingelân]]. Fan [[1749]] ôf hâlde [[Horace Walpole]] him al dwaande mei it ferbouwen en ynrjochtsjen fan syn hûs Strawberry Hill yn [[Twickenham (wijk)|Twickenham]] by [[Londen]] yn neogoatyske styl. Romantyske ynterieurkeunstners lieten harren yn [[18e iuw]] al ynspirearje troch de natoer en rustike foarmen fan meubels en troch gebrûksfoarwurpen fan it plattelân, dêr't yn Ingelân oant dan hjir en dêr noch gotyske foarmen wiene.
 
Foaral it wurk fan ynterieurarsjitekt [[Thomas Chippendale]] rûn foarút op de neogotyk. Dan, yn it begjin fan de [[19e iuw]] wurde yn Ingelân tsjerken, bankgebouwen, stedhûzen en oare iepenbiere gebouwen mei [[spitsbôge]]finsters, [[kanteel]]de tuorren en [[waaierferwulft]]en set. Men gie hieltyd mear oer op in foarmetaal út it ferline, dy't ynspirearre wie op de rykdom fan de Britske gotyk. It hichtepunt dêrfan is wol de bou fan de parlemintsgebouwen te Westminster yn Londen, boud yn de jierren tusken [[1820]] en [[1830]], de tiid fan de grutste bloei fan it Britske wrâldryk.