Oerterp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
ûntstie
Rigel 16:
 
== Skiednis ==
Oerterp is in [[streekdoarp]] tegearre mei [[Selmien]] oan de westside en [[Sigerswâld (Opsterlân)|Sigerswâld]] oan de eastkant. Yn tsjinstelling mei oare weidoarpen, as yn [[Grinslân]] of [[Drinte]], is it lykwols net troch [[feanterij]] ûntsstienûntstien. De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike [[Drait (wetter)|Drait]] (dêr't no ''De Feart'' leit) en [[De Boarn]] (op dat stik no it ''Alddjip''). De earste bewenning wie op dy sânrêch en moat grif al in tûzen jier âld wêze, al wennen der net in soad minsken. As middel fan bestean wie men oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feetyltfeehâlderij. De namme Oerterp (''Urathorp'', mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (''Utrathorp'' mei uter = bûten) út de lizzing ten opsichte fan de Boarn: Oerterp boppenstreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.
 
De langhalige bebouwing hie te krijen mei de kavelferdieling fan noard nei súd. Alle grûn wie eigendom fan de kleasters. De opset fan de ferdieling wie dat elke "boer" likense kânsen krige: in diel fan it [[heechfean]], in diel fan yn kultuer brochte (of noch yn kultuer te bringen) grûn en in útgong fia de heidegebieten nei [[greide]]n oan it Alddjip. Mear as hûndert jier letter ûnstieûntstie yn it heechfeangebiet noard fan it doarp bewenning troch it graven fan de feart fanút [[Drachten]] troch de feanôfgraving. Sa ûntstie yn dit gebiet in nij part fan Oerterp, dat rom in jier letter al mear ynwenners, (yn it earstoan benammen feanarbeiders, skippers en handelers), telde as de âlde boerestreek fan it doarp.
 
Under archeologen hat Oerterp bekendheid trochdat hjir yn 1943 by de [[Prinsedobbe]] oan de Mûneleane oerbliuwsels fûn binne fan rindierjagers út 'e ein fan de [[Alde Stientiid]], ± 10.000 oant 9800 foar Kristus, flak nei de lêste [[iistiid]]. Op in gebiet fan 85 kante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5.408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1.360 stikken ark lykas krombekstekkers en fierders ôfslaggen en kearnstikken. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas yn [[Laplân]] en Noard-[[Sibearje]] no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat it lânskip harren te bieden hie: allinnich de hege sânrêgen tusken de rivierkes wienen begeanbear. Men nimt oan dat it hjir om simmerkampen giet. Omdat fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by [[Hamburch]] stiet dizze kultuer bekend as de [[Hamburchkultuer]]. Ek by [[Havelte]] waarden der resten fan fûn.