Bûtan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
 
Rigel 29:
 
=== Lânskip ===
It lytskelytse keninkryk Bûtan op de súdlike helling fan de [[Himalaya]] is slim tagonklik. Geweldige toppen omfiemje it plato, dat stadich ôfrint súdlike foarberchtme fan oan de Yndyske grins. It hiele lân is bercheftich útsein in lyts gebiet fan subtropyske flakten yn it suden dat trochsnien wurdt fan delten dy't ''Duars'' hjitte. Tusken de subtropyske flakten en it mei snie bedutsen Himalaja-berchte is in hichteferskil fan mear as 7.000 meter.
 
=== Klimaat ===
It lân hat in grut ferskaat oan klimaten. Wylst der yn it suden foaral in tropysk oant subtropysk klimaat hearsket, ha de dalendelten fan sintraal Bûtan in tuskenbeiden klimaat mei koele winters en waarme simmers. Yn de bergen binne de winters ekstreem strang en de simmers koel. Foaral yn de súdlike gebieten fan it lân hat men in yn de reintiid faken te krijen mei oerstreamings.
 
== Skiednis ==
Rigel 39:
Histoarysk waarden ferskate nammen brûkt foar Bûtan, lykas as Lho Mon (“Súdlik lân fan it tsjuster”), Lho Tsendenjong (“Súdlik lân fan it sandelbosk”), Lhomen Khashi (“Súdlik lân fan de fjouwer wegen?”) en Lho Men Jong (“Súdlik lân fan de medisinale krûden”).
 
Stiennen ark, wapens en oerbliuwsels fan grutte stiennen bousels jouwe oan dat Bûtan al 2.000 jier foar Kristus bewenne wie. Skiedkundigen ha úttocht dat de steat Lhomon (letterlik: “súdlik tsjuster”) of Monyul (“Tsjuster lân, in referinsje nei de [[Monpa]], de oarspronklike bewenners fan Bûtan) besteanbestien hat fan 500 f.Kr. oant 600 n.Kr. De namme Lhomon Tsendenjong (Sandelbosk-gebiet) en Lhomon Khashi of súdlik Mon (gebiet fan de fjouwer wegen) binne oantroffen yn âlde Bûtaneeske en Tibetaanske kroniken.
 
It earste barren yn Bûtan dat delskreaun is, is dat de Bûdistyske hillige [[Padma Sambhava]] (ek wol Goeroe Rinpoche neamd) troch it lân reizge yn [[747|747 n.Kr.]] De âldste skiednis fan Bûtan is ûnwis om’t de measte bestannen ferneatige waarden doe’t yn [[1827]] in brân Punakha, de âlde haadstêd ferwoaste. Fan de [[10e iuw]] ôf waard Bûtan syn politike ferrin sterk beynfloede fan syn religieuze skiednis. Ferskate sekten fan it Bûdisme kamen nei foarren trochdat hja stipe waarden fan de ferskate Mongoalske en Tibetaanske oerhearen. Nei it tebekrinnen fan de Mongoalen yn de [[14e iuw]] bestriden dy sekten inoar fûl op polityk en religieus mêd, wat der mei einige dat de Drukpa-sekte oerhearskjend waard.
 
Oant yn it begjin fan de [[17e iuw]] bestie Bûtan út in los patroan fan lytse inoar befjochtsjende rjochtsgebieten, mar doe waard it gebiet troch de Tibetaanske lama en militêre lieder [[Shabdrung Ngawang Namgyal]] feriene. Om it lân te beskermjen tsjin sa no en dan plondertochten fan Tibetanen, boude Namgyal in netwurk fan dzong (forten) en fierde wetten yn dy’t der foar soargen dat de lokale hearskers ûnder it bewâld fan it sintrale regear kamen. In soad fan dy dzong besteane noch hieltiten. Nei de dea fan Namgyal yn [[1651]] ûnstieûntstie der gaos yn Bûtan. Dat wie foar de Tibetanen grûn om Bûtan yn 1710 oan te fallen, en nochris yn 1730 mei de help fan de Mongoalen. Dy twa oanfallen waarden lykwols opkeard en yn [[1739]] waard der in wapenstilstân tekene.
 
== Ynwennertal ==