Teodoarik I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 3:
 
== Opstân fan de Fisigoaten ==
De rebûlje dy't ûnstieûntstie yn it Romeinske ryk nei de dea fan keizer [[Honorius]] yn [[423]] joegen Teodoarik I alle gelegenheid him te ûntdwaan fan de oerhearsking troch de Romeinen. Om-ende-by sân jierren hâlde hy him sawat ûnôfhinklik en amper hindere koe hy syn ynfloed útwreidzje nei [[Spanje]]. Likernôch [[426]] foel syn leger de [[Alanen]] oan, en brocht harren in ferneatigjende nederlaach ta. De kening fan de Alanen, [[Attakes]], sneuvele yn dit gefjocht en syn folk socht in goed hinnekomen by de [[Asdingen]]. Yn Galje slagge Teodoarik dêryn syn gebiet stadichoan út te wreidzjen oant de [[Middellânske See]]. Lykwols mislearre syn poging om de hân te lizzen op [[Arles]].
 
It Romeinske leger yn Galje, dat ûnder befel stie fan de ''magister militum'' [[Aetius]] koe de earste jierren net folle dwaan tsjin de opstân fan de Fisigoaten. De Romeinen hienen de hannen fol om harren hearskippij te werstellen yn de rest fan Galje. Nei [[430]] kaam it Romeinske leger nei it suden om de Fisigoaten te betwingen. Yn de [[Slach by Arles]] waarden de Fisigoaten ferslein en moast kening Teodoarik de Romeinske supremasy erkenne.