Ferskil tusken ferzjes fan "Wintersport"

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
ûntstie
(ûntstie)
== Skiednis ==
De measte wintersporten binne ûntstien as alternatyf ferfier yn de wintermoannen as de diken en farwegen net mear begeanber wiene.
Sa wurdt der al iuwen [[reedriden]] en [[prikslydzje|prikslyde]] om iisflakten makliker oerstekke te kinnen. Nei ferin fan tiid waarden dizze alternative foarmen fan ferfier ek foar rekreative doeleinen brûkt. Sa waarden de eersteearste koartebaanwedstriidenkoartebaanwedstriden voor reedriders al om 1800 hinne ferriden en waarden der ek wedstriden foar priksliders hâlden, faak sels letterlik foar spek en beannen.
 
It [[skye]]n ûntstie yn de Skandinavyske lannen. De skyûntwikkeling om 1860 hinne yn [[Telemark]] yn Noarwegen wurdt sjoen as de berte fan it skyen as sport. Fan dêr waard de sport yntrodusjearre yn de Alpenlannen. Skyen yn Skandinaavje waard ta noardsk-skye; yn de Alpen ûnstieûntstie it alpineskyen.
 
De toeristyske wintersport ûntstie foaral yn de Alpen om de rike bûtenlanners te fermeitsjen, [[Sankt Moritz]] yn [[Switserlân]] wurdt sjoen as bertegrûn fan de wintertoerisme ein 19e iuw. in hoteleigner wist een oantal Ingelske simmergasten te oertsjûgjen ek ris yn de winter te kommen. It wintersporttoerisme is al jierren fan grut belang foar de toeristyske sektor yn de alpenlannen en wurdt al lang net mear allinne dien troch de rike boargers.
7.818

bewurkings