Sedekía fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
Rigel 21:
Sedekía krige oarspronklik de namme Mattanja en wie de tredde soan fan kening [[Josjía fan Juda|Josjía]]. Yn de âldens fan 21 jier waard Sedekía troch de babyloanyske kening Nebûkadnêzer as syn fazal op de Judeeske troan set. Alve jier blea Sedekía oan it regear, maar hy spande gear mei Egypte en kaam yn it njoggende jier fan syn regear yn opstân tsjin Babyloanje. Dêrmei ferbruts Sedekía de eed dy't er by God sward hie om trou te bliuwen oan Nebûkadnêzer. It soe liede ta de ûndergong fan it keninkryk Juda.
 
[[FileOfbyld:102.Zedekiah's Sons Are Slaughtered before His Eyes.jpg|thumb|left|250px|Sedekía wurdt twongen ta te sjen hoe't syn [[soan]]nen ôfslachte wurde (Gustave Doré)]]
De ûntrou fan Sedekía hie fan gefolgen dat Nebûkadnêzer Juda op'e nij binnenfoel. Hy liet alle fêstings ferwoastgje en belegere Juda's haadstêd [[Jeruzalim]]. Hjirtroch ûnstieûntstie der in grutte hongersneed ûnder de befolking. De profeet [[Jeremía (profeet)|Jeremía]] warskôge de kening dat hy him better oerjaan koe, om't oars de stêd platbaarnd wurde soe en Sedekía net oan Nebûkadnêzer grime ûntkomme soe. Mar de kening woe net nei Jeremía harkje en wie benaud tamtearre te wurden as er him oerjoech. Doe't it Chaldeeske leger in gat wist te slaan yn de stedsmuorre besocht kening Sedekía dy nachts noch wei te kommen, mar it leger helle him en syn mannen op de flakte fan Jericho yn en sloech him dêr yn de boeiens.
 
Wylst Sedekía moast tasjen, liet Nebûkadnêzer yn Ribla al syn soannen deadzje. Nei't de prinsen ombrocht wiene, waard Sedekía de eagen útstutsen en nei Babel brocht. Oant syn dea waard hy dêr yn it tichthûs finzen holden.<ref>Jeremía 52:11</ref>