Ferskil tusken ferzjes fan "Theresienstadt (konsintraasjekamp)"

ûntstie
(ûntstie)
'''Theresienstadt''' ([[Dútsk]]) of '''Terezín''' ([[Tsjechysk]]) is de namme fan in [[fort (festing)|fort]] yn de [[Tsjechje|Tsjechyske]] festingstêd [[Theresienstadt (stêd)|Theresienstadt]]. It ein 18e-iuwske fort, dat it eardere [[konsintraasjekamp]] fan Theresienstadt wie, hjit "Lytse Festing", de stêd sels wurdt "Grutte Festing" neamd.
 
LêsteYn de lêste helte fan de [[19e iuw]] tsjinne it fort as [[finzenis]]. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] wie it fort in krichfinzenekamp, dêr't ek de moardner fan [[Frans Ferdinand fan Eastenryk|Frans Ferdinand]], [[Gavrilo Princip]] oant 1916 fêstholden waard. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] brûkten de [[nazi]]'s Theresienstadt as [[konsintraasjekamp]] en it Lytse Fort wie doe in Gestapofinzenis.
 
== Theresienstadt yn de Twadde Wrâldkriich ==
Fan novimber 1941 oant july 1943 funksjonearre Seidl as earste kommandant fan it getto.<ref>[http://textfeld.ac.at/download/179.pdf. ''Die Lagerkommandanten von Theresienstadt'']; skriuwer Answer Lang en Prof. Dr. Wolfgang Neugebauer. Utjouwer:
Universität Wien/Historisch-Kulturwissenschaftliche Fakultät/Institut für Geschichte, 2011</ref>
It kamp Theresienstadt gie offisjeel iepen op [[24 novimber]] [[1941]]. In soad Joaden út [[Tsjecho-Slowakije]] waarden doe nei Terezín deportearre. Simmer [[1942]] waard de net-Joadske befolking fan Theresienstadt fuortstjoerd. Under de 'nije bewenners' wienen in protte [[keunstner]]s, musisy en [[jurist]]en. Dêrtroch ûnstieûntstie in drok kultuereel libben yn it getto. Yn it kamp húsmannen neist de folwoeksenen ek sa'n 11.000 bern.
 
De Joadse gettobefolking hie min ofte mear selsbestjoer: de ried fan âlden. Dy rie moast ûnder mear listen opmeitsje fan wa't wol en net deportearre wurde soe. At sy wegeren om mei te wurkjen doene domwei alle bewenners deportearre en ombrocht wurde. Untusken waarden de libbensomstannichheden yn Theresienstadt hieltyd minder. Dêr't earst sa'n 7.000 Tsjechoslowaken wenne hienen, wienen der no 50.000 minsken húsfêste. Der wie te min iten en allinne al yn 1942 stoaren der om en de by 16.000 bewenners. Ynwenners dy't har'fersetten tsjin de Dútsers as oars wat dienen dat harren net noaske, kamen yn it "lytse fort" (de finzenis) telâne, dêr't sy it noch folle minder hienen.
7.783

bewurkings