Skiednis fan Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
ûntstie
 
Rigel 18:
De stêd koe it net rjocht lykfine mei de swakke hâlding fan de Hânze foar de seerôvers oer. Dêrneist woe Bremen syn bân mei de Friezen yn [[Bûtjadingen]] goed hâlde om sa de macht oer it gebiet by de mûning fan de Wezer te krijen.
 
Bremen woe in frije Ryksstêd wurde, mar krige dy status pas yn [[1646]] (''Linzer Diplom''). De Wezer ferbûn de stêd Bremen mei de [[Noardsee]] en sa wie de stêd twongen om de skipfeart oer de rivier yn it gebiet [[Rjustringen]] feilich te stellen tsjin Fryske [[haadling]]en en it greefskip [[Aldenboarch]]. Yn it jier [[1424]] krige Bremen in slimme tebeksetter doe't in ferbûn fan Fryske haadlingen de macht yn Rjustringen wer oernamen. Dêrop ûnstieûntstie politike ûnrêst yn de stêd. Der waard in nije stedsrie keazen en de boargemaster flechte yn 1425 út de stêd en mobilisearre de Hânze, dy't Bremen yn 1427 út it bûn smiet. Yn 1428 krige de stêd in nij stedsrjocht.
[[Ofbyld:Bremen-(Steffensstadt)-Braun-Hogenberg.png|thumb|left|Alde kaart fan Bremen tusken 1572 en 1618.]]
Fan [[1452]] ôf hie de greve Gerd fan Aldenboarch ynfloed op de hannel troch lân- en seerôf. Yn 1464 ferlear Bremen mei syn Fryske bûnsmaten in slach tsjin Aldenboarch, wêrnei't greve Gerd besocht de stêd oan te fallen. Pas yn 1474 kaam de tsjinoanfal mei help fan oare foarsten en stêden, úteinlik waard de oarloch tsjin de greve fan Aldenboarch wûn yn it jier 1482.