Donskoj-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
ûntstie
Rigel 39:
Dat it kleaster en de katedraal wijd waarden oan de Mem Gods fan de Don hie te meitsjen mei de oanwêzigens fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Don op itselde plak yn de dagen dat de [[Tataren]] Moskou bedrigen en der in mobyl fort op dit plak fêstige wie om Moskou te ferdigenjen. Dat ikoan waard yn dy nuodlike tiid út de [[Ferkundigingskatedraal (Moskou)|Ferkundigingskatedraal]] yn it [[Kremlyn fan Moskou|kremlyn]] helle en ûnderbrocht yn it kamp fan [[Boris Godûnov]], dêr't in tydlike Sergius fan Radonezjtsjerke stie. It ikoan moast Ruslân bystean om te helpen by de striid tsjin de fijân, sa't it dat neffens de tradysje earder ek dien hie by de [[Slach om Kûlikovo]] yn 1380, doe't [[Dmitri Donskoj]] it ikoan meinommen hie. De Tataren joegen belies en waarden by de weromtocht ferslein.
 
In grut kleaster wie it ynearsten net. Yn de ûnrêstige tiid tusken 1604 en 1613 waard it troch [[Poalen|Poalske]] troepen ferneatige en bleau it foar in lange tiid ferlitten. De sitewaasje fan it kleaster begûn te feroarjen doe't oare kleasters oan it Donskoj-kleaster waarden tawiisd. Tsjin itde ein fan de 17e iuw waard mei help fan tsarevna Katarina Aleksejevna útein set mei in omfangryk bouprogramma. Yn 1698 waard in folle gruttere katedraal ynwijd. Dy ek oan it Don-ikoan wijde tsjerke wurdt ek wol de Grutte Katedraal neamd. Likernôch yn deselde tiid (1686-1711) krige it kleaster in nije bemuorring mei tolve tuorren, dy't wol wat ha fan de tuorren fan it [[Nowodewitsjy-kleaster|Novodewitsjy-kleaster]].
[[File:Murder of Archbishop Ambrosius (Geoffroy, 1845).JPG|thumb|250px|''De oanslach op aartbiskop Ambrosius (Charles Michel Geoffroy, 1845)'']]
It gyng it kleaster yn de 18e iuw goed foar de wyn en it besiet in soad grûn mei liifeigenen. Yn dy tiid ûnstieûntstie it kleaster sa't it tsjintwurdich oerlevere is. Der waard in poartetsjerke boud (1713-1714), in klokketoer boppe de westlike poarte (foltôge yn 1753) en in ferbliuw foar de archimandriten (1745-1750). Ek kamen der oare nije gebouwen, wylts de muorren fan de Grutte Katedraal beskildere waarden mei nije fresko's fan de italjaanske keunstner [[Antonio Claudio]].
[[File:Донской монастырь 012 копия.jpg|thumb|200px|left|''De Grutte Katedraal'']]