Ferskil tusken ferzjes fan "Willibrord"

L
gjin bewurkingsgearfetting
(kt)
L
 
== Libben ==
Willibrord waard berne yn [[Northumbria]] ([[Ingelân]]) as soan fan tige [[kristendom|kristlike]] âlden, dy't noch net sa lang lyn ta it kristlike leauwen bekeard wienen. As sânjierrige jonge fertrouwdefertroude syn heit, Wilgis, him ta oan it [[kleaster]] fan Ripon (flakby [[York]]) as [[oblaat]]. De heit fan Willibrord sels waard [[hearremyt]].
 
Yn Ripon groeide Willibrord op ûnder ynfloed fan [[Sint-Wilfridus]] (Egbert), de biskop fan [[York]]. Dizze biskop wie, oars as de doe yn [[Grut-Brittanje]] hearskende [[Katolyk-Keltyske tradysje]], in foarstanner fan de Roomske line.
 
Doe't Willibrord 20 jier âld wie, gong er fuort nei it "Eilân fan de Hilligen", ([[Ierlân]]). Dêr moast er him ûnderwerpe oan tige stringestrange tucht yn it kleaster fan Rathmelsigy. Hy waard yn [[688]] as [[preester]] wijd. Fûl mei de geast fan "[[peregrinatio]]", en mei de winsk om de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn [[690]] mei alve maten oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by [[Katwyk]] en ferkundigde dêr it evangeelje oan de [[heidendom|heidenske]] [[Friezen]].
 
Yn 690 reizge er mei tolve oaren, werûnder [[Werenfried fan Elst]], nei de Fryske kening [[Redbad]] om syn foarbyld Jesus Kristus te folgjen dy't ek omreizge om de blide boadskip te ferkundigjen. Hy besocht it heidenske [[Fryske ryk]] dat fan de [[Weser]] (Noard-[[Dútslân]] oant de [[It Swin (Brugge)|Swin]] yn [[Belgje]] rûn. It [[Fryske heidendom]] waard krekt as by oare [[Germanen|Germaanske]] folken sterk bepaald troch natuerferearing, mei hillige beammen en stiennen en wetter as libbensboarne. Yn de ûnstiene [[leginde]]n oer de apostel spilen de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen Kristus sette as ienige en ivige boarne.
7.481

bewurkings