De Houtigehage: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
it is ek in galery
No edit summary
Rigel 5:
| lokaasje = Map NL Smellingerlân Houtigehage.png
| gemeentenamme= Smellingerlân
| teljier = 20122017
| ynwennertal = 908905
| webstee = [http://dorphoutigehage.nl Pleatslik Belang]
}}
[[File:Skoallewijk 10 Houtigehage.jpg|thumb|left|Earste sosjale wenningbou (1909) yn Houtigehage, no museum]]
[[Ofbyld:Houtigehage fanút noardeastlike rjochting.2006 06 11 ballon 086.jpg|thumb|right|300px|''De Houtigehage fanút noardeastlike rjochting'']]
'''De Houtigehage''' is in doarp yn de gemeente [[Smellingerlân]], noardeast fan [[Drachten]]. It doarp hat likernôch 910 ynwenners (2012), mei in basisskoalle [http://www.wiksel.nl/ IBS De Wiksel], in kroech en in itersstee. Der lizze twa buorskippen tichtby: [[Luchtenveld]] en Fianen.
 
Oan de earste helte fan de 18e iuw ta leinen yn dizze streek [[Heechfean|hege feanen]]. Op de gritenijkaart yn de [[atlas fan Schotanus]] út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de [[Burmaniasleat]]: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning.<br>
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] stie it doarp bekend as in [[Kommunisme|kommunistyske]] bolwurk. De tsjerkedoarpen der omhinne wiene faak wat riker. Der wie in soad earmoede, en der waarden [[wurkferskaffing]]sprojekten opsetten. Begjin jierren fyftich wie de wurkleazens hast 30% en sa'n sechtich wurkleazen gie út protest oan it wurk. Se begûnen fannijs in ûnbegeanber paad oan te lizzen. De [[VPRO]] hat hjirder yn [[2007]] in programma oan wijd.
 
Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp [[Rottefalle]]. [[Johannes Antonie Visscher]], dominy yn it begjin fan de 20e iuw, wie begien mei it lot fan De Houtigehage, publisearre oer de ’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn [[1909]] de earsten wienen. Ien fan dy huzen, Skoallewijk 10, is no ta in museum fan emansipaasje en galery ynrjochte.