Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 40:
Iere westerns waarden, krekt as oare Hollywood-films út dy tiid, foar it meastepart yn 'e studio's opnommen, mar doe't geandewei de jierren tritich it filmjen op lokaasje gewoaner waard, sochten filmmakkers ôfhandige úthoeken fan [[Arizona]], [[Kalifornje]], [[Kolorado]], [[Kansas]], [[Montana]], [[Nevada]], [[Nij-Meksiko]], [[Oklahoma]], [[Teksas]], [[Utah]] of [[Wyoming]] op. Ek saneamde "filmranches", feepleatsen dy't spesjaal foar it meitsjen fan films oanlein of oankocht en ynrjochte wiene, waarden wol brûkt foar lokaasjefilmjen. Yn 'e jierren fyftich feroare it lânskip fan in libben dekôr yn it eigenste karakter fan 'e film. De ûntwikkeling fan ferskate breedbyld-formats, lykas ''[[cinemascope]]'' ([[1953]]) en ''[[VistaVision]]'', makke it mooglik om op 'e gruttere eftergrûn it swide lânskip fan it Wylde Westen sjen te litten. John Ford naam tusken [[1939]] en [[1965]] in hiele rige films op yn [[Monument Valley]], yn Utah, wêrmei't er dy krite mei syn dramatyske rotsformaasjes en mesa's, dy't withoeheech boppe de ruters úttuorje, ta in [[toerisme|toeristyske]] trekpleister makke.
 
[[File:Clint Eastwood - 1960s.JPG|thumb|left|200px230px|[[Clint Eastwood]] yn ''A Fistful of Dollars'' ([[1964]]).]]
Yn 'e heechtijdagen fan 'e western, dy't duorren fan [[1939]] oant it begjin fan 'e jierren santich, waarden in protte films makke dy't foldiene oan it tradisjonele westernkonsept fan 'e ienlike frjemdling dy't yn in ûnlijich stedsje regaad makket. Klassikers as ''[[The Magnificent Seven]]'' ([[1960]]), ''[[A Fistful of Dollars]]'' ([[1964]]) en ''[[Pale Rider]]'' ([[1985]]), en teffens nijere films, lykas ''[[Unforgiven (film út 1992)|Unforgiven]]'' ([[1992]]) en ''[[Open Range (film)|Open Range]]'' ([[2003]]), hâlde fierhinne dat stramyn oan. Ek it ikoanyske ''[[Once Upon a Time in the West]]'' ([[1968]]), it [[magnum opus]] fan 'e [[Itaalje|Italjaanske]] regisseur [[Sergio Leone]], besit sokke tradisjonele eleminten, al komme dêr ek oare tema's oan bod, lykas de opmars fan it spoar en hoe't de modernisaasje it Westen feroaret. Oare films litte sjen hoe't ienlike wetstsjinners it gauris tsjin wil en tank opnimme tsjin banditen of tirannike ''ranchers'', lykas yn ''[[High Noon (film út 1952)|High Noon]]'' ([[1952]]) en ''[[Rio Bravo (film)|Rio Bravo]]'' ([[1959]]). Wer oaren portrettearje ferneamde banditen, lykas ''[[Butch Cassidy and the Sundance Kid]]'' ([[1969]]), ''[[The Wild Bunch (film)|The Wild Bunch]]'' ([[1969]]) en ''[[Young Guns (film)|Young Guns]]'' (oer Billy the Kid, [[1988]]); of ferneamde wetstsjinners, lykas ''[[Gunfight at the O.K. Corral (film)|Gunfight at the O.K. Corral]]'' ([[1957]]) en ''[[Tombstone (film)|Tombstone]]'' ([[1993]]), dy't beide oer Wyatt Earp geane. Gauris giet it ferhaal ek oer in lange syktocht of jacht en de swierrichheden dy't dêrby ûnderweis oerwûn wurde moatte, lykas yn ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' ([[1966]]), oer trije revolvermannen dy't elk op harsels nei in [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederearre]] goudskat sykje, of ''[[For a Few Dollars More]]'' ([[1965]]), oer twa preemjejagers dy't in bandyt besykje te fangen. Wer in oare klassiker, ''[[Red River (film út 1948)|Red River]]'' ([[1948]]), lit de grutte ''cattle drive'' (it opdriuwen fan it fee) fan [[Teksas]] nei [[Kansas]] sjen.
 
 
Ek de striid tusken blanken en Yndianen is faak ta ûnderwerp makke fan westerns, lykas yn 'e al neamde klassiker ''[[Stagecoach (film út 1939)|Stagecoach]]'', út [[1939]]; oare foarbylden binne ''[[She Wore a Yellow Ribbon]]'' ([[1949]]) en ''[[Rio Grande (film)|Rio Grande]]'' ([[1950]]). Yn soksoarte films waarden de Yndianen frijwol sûnder útsûndering foarsteld as de smjunten, wylst de blanke kolonisten foar de helden trochgiene. It is ynteressant dat ûnder ynfloed fan 'e [[Kâlde Oarloch]] yn dyselde snuorje yn it [[Eastblok]] (benammentlik yn 'e [[DDR]] en [[Tsjechoslowakije]]), westerns makke waarden wêryn't de Yndianen de helden wiene en de Amerikanen de smjunten. Yn sokke "reade westerns" of ''[[ostern]]s'' waarden de haadrollen trouwens almeast spile troch [[Sigeuners]] of lju fan [[Tataren|Tataarsk]] of [[Turken|Turksk]] komôf, fanwegen it skrinend tekoart oan autentike Yndianen yn it eardere Eastblok. De [[Servje|Servyske]] akteur [[Gojko Mitić]], dy't ferskate kearen in oprjocht, fredeleavjend en ynnimmend opperhaad spile, lykas yn 'e klassike Tsjechyske ''ostern'' ''[[Die Söhne der Großen Bärin]]'' ([[1966]]), waard by in besyk oan 'e Feriene Steaten yn 'e njoggentiger jierren foar syn bydrage oan 'e positive byldfoarming oer Yndianen troch de [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux'') sels beneamd ta eare-opperhaad.