Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 60:
* ''[[ostern]]''
:De al neamde ''osterns'' of "reade westerns" wiene de films dy't ûnder de [[Kâlde Oarloch]] efter it [[Izeren Gerdyn|Izerne Gerdyn]] produsearre waarden, fral yn 'e [[DDR]] en [[Tsjechoslowakije]], en wêryn't de Yndianen as de helden portrettearre waarden en de blanken as smjunten, wylst dy rolferdieling yn kontemporêne Amerikaanske westerns krekt oarsom wie.
* revisjonistyske[[refizjonistyske western]]
:RevisjonistyskeRefizjonistyske westerns is de oantsjutting foar de films dy't foar it meastepart fan 'e ein fan 'e jierren sechstich ôf makke waarden troch (Amerikaanske) filmmakkers dy't fraachtekens begûnen te pleatsen by de tradisjonele eleminten fan 'e western. Dit subsjenre wurdt karakterisearre troch in positive (of positivere) portrettearring fan 'e Yndianen, lykas yn ''[[Little Big Man (film)|Little Big Man]]'', ''[[The Outlaw Josey Wales]]'' en ''[[Dances with Wolves]]'', en/of trochdat it ferhaal fertelt wurdt fanút it eachpunt fan 'e banditen (ynstee fan dat fan 'e sheriff), lykas it gefal is yn ''[[Butch Cassidy and the Sundance Kid]]'', ''[[The Wild Bunch]]'' en ''[[Young Guns (film)|Young Guns]]''. Ek hearre ta dit subsjenre dy films wêryn't [[froulju]] in aktivere rol taparte krije, lykas ''[[Westward the Women]]'', út [[1951]].
* [[spagettywestern]]
:De spagettywestern (of Italo-western of zapatawestern) is it subsjenre fan westerns dy't yn 'e jierren sechstich en santich makke waarden troch Italjaanske regisseurs, fan wa't [[Sergio Leone]] fierwei it bekendst wie. De wichtichste fertsjintwurdigers fan dit subsjenre binne ''[[Once Upon a Time in the West]]'', ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' en ''[[A Fistful of Dollars]]''. Spagettywesterns, dêr't [[Clint Eastwood]], [[Lee Van Cleef]] en [[Charles Bronson]] wrâldferneamd mei waarden, wurde karakterisearre troch mear aksje en geweld as dat yn Amerikaanske westerns foarkomt, en dêrnjonken hawwe de haadpersoanen oer it algemien egoïstysker motiven as de helden yn Amerikaanske films.