Dinosauriërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ûntstie
ûnt
Rigel 2:
'''Dinosauriërs''' ([[inkeltal]]: '''dinosaurus'''; [[Latyn]]: ''Dinosauria'') binne in diergroep binnen de [[archosauriërs]], dy't út it Mesozoïkum stamt.
 
De âldste fynsten fan dinosauriërs binne 230 miljoen jier âld, it [[Trias]] tiidrek wêryn't de dinosaurus opkomt. Yn it dêropfolgjende [[Jura]] en [[Kryt (tiidrek))|Kryt]] binne de dinosauriërs de machtichste lândieren, wierskynlik binne it de grutste bisten dy't der ea west ha. Tûzenen soarten, fleisiters en planteïters, ûntjoegen har ta ferskate foarmen, mei troch evolúsje. Oan 'ede ein fan it Kryt, 65 miljoen jier lyn, stoaren de measte dinosauriërs út, faaks troch in meteoryt dy't doe op de ierde delfoel. Fûgels binne noch libjende dinosauriërs.
 
Yn de [[paleontology]] ûndersykje wittenskippers de fossilen. Dêrfoar wurde ferstienne bonken en hûd- of weefselôfdrukken dy't troch spoaren yn fossilen oerlevere binne, lykas foetprinten en aaien. Resten fan dinosauriërs binne op alle kontininten op de wrâld fûn, sa ek op [[Antarktika]], dêr't ek dinosauriërs libben yn de tiid dat al it lân fan de wrâld ferienige wie yn it superkontinint [[Pangea]].
Rigel 11:
[[Ofbyld:Saurischia.png|thumb|Saurisia bekken (trijpuntich).]]
[[Ofbyld:Ornithischia.png|thumb|Ornitisia bekken (fjouwerpuntich).]]
Yn it [[Trias]], likernôch 250 oant 210 miljoen jier lyn, sieten alle kontininten noch oan inoar fêst yn it oerkontinint Pangea. Ut reptilen fan de groep Archosauria (dêr't krokodillen en fûgels by hearre) ûnstienenûntstienen de earste dinosauriërs. Dy stammen wierskynlik ôf fan fjouwerpoatige lytse jagers. De poaten stienen rjocht ûnder it lichem ynstee fan dernêst, lykas by eardere reptilen. Letter evoluearren de twapoatige rôfdieren.
 
Healwei it Trias komt der in skieding tusken twa dinosaurussoarten, de Saurisia en de Ornitisia. De Saurisia libje fan it Trias oant it Kryt. It wienen allegear lândieren. De wichtichste skiften fan de Saurisia binne Teropoda en Saudopodomorfa. As skaaimerk fan de Saurisia wurdt de bekkenopbou neamd, dy't by de Saurisia in trijepuntich wie. Dêrby is de skambonke nei foaren rjochte, lykas wenst is by reptilen. De Ornitisia libbe yn it lette Trias oant it lette Kryt. Dat wienen plante-itende lândieren. Hja hienen in bekken mei fjouwerpuntich bekken, wêrfan in útsteksel de skambonke nei foaren rjochte is, mar fierders is de skambonke nei efter rjochte. Neffens de yndieling hearre de fûgels by de Ornitisia, sa kin it wêze dat dy groep hjoed de dei noch bestiet. De skieding tusken de Sauropodomorfa en Terapoda hat wierskynlik yn it lette Trias plakfûn. Yn it Jura, 210 oant 240 miljoen jier lyn, begûn Pangea útinoar te skowen wêrtroch de kontininten ûntstiene. Oer lânbrêgen koenen de dinosauriërs noch in skoftlang fan it iene nei it oare kontinint. Yn it Kryt, 140 oant 65 miljoen jier lyn, wienen de kontininten fan inoar skieden. [[Súd-Amearika]] waard isolearre, sadat dêr folslein nije, opmerklike soarten ûntstien, de [[Giganotosaurus]] bygelyks, in teropoda dy't noch grutter wie as de romrofte [[Tyrannosaurus]] út [[Noard-Amearika]] en de [[Argentinosaurus]], in tige grutte Sauropode. Itselde barde yn [[Afrika]] en [[Yndia]] (doe noch in kontinint). Ek yn Sina ûntjoech in oare fauna as yn Noard-Amearika, hoewol't dêr wol lânbrêgen wiene. It is min te roaien hoefolle dinosaurussoarten der west ha, útsein de tsientûzenen fûgelsoarten, wurdt der oer tûzenen en tsientûzen praat. Oan de ein fan it Kryt moatte der sa'n hûnderten soarten west ha.