Ferskil tusken ferzjes fan "Privee-detektive"

L
red
(kt)
L (red)
 
[[File:Detektiv.jpg|right|thumb|230px|In privee-detektive oan it wurk.]]
In '''privee-detektive''' (ek wol '''partikulier ûndersiker''' neamd) is immen dy't gegevens sammelet en analysearret, yn 'e regel om ûnrjochtmjittige dieden of [[misdriuw]]en op te lossen of foar te kommen. It [[bedriuw]] fan in privee-detektive hjit in '''detektiveburo'''. Privee-detektives binne gjin [[plysje]]funksjonarissen en operearje sadwaande op eigen manneboet. Om soks yn goede banen te lieden, moatte privee-detektives yn in protte lannen (wêrûnder [[Nederlân]]) in fergunning hawwe, dy't se ferlieze kinne as se harren boekje te bûten geane (bgl. troch harsels foar te dwaan as plysjeman).
 
Privee-detektives kinne ynhierd wurde troch partikulieren, mar wurkje faak foar [[abbekaat|abbekaten]] of abbekatekantoaren. Ta harren kearntaken heart û.m. it sammeljen fan ynformaasje foar de bewiisfiering yn [[sivylrjocht]]like en [[strafrjocht]]like saken, opspoarings fan fermiste persoanen en foarwerpen, tadrachtsûndersiken en it útfieren fan observaasjes (sawol statyske observaasjes fanôf in fêst punt as dynamyske observaasjes fanút in observaasjefiertúch). Fierders hâlde se har ek dwaande mei it sammeljen fan ynformaasje út iepen en heal-iepen boarnen, bgl. foar [[antesedinte-ûndersyk|antesedinte-ûndersiken]].