Ferskil tusken ferzjes fan "Twahûs"

9 bytes lytser ,  2 jier lyn
L
Lit mar gewurde
(wurk)
L (Lit mar gewurde)
 
{{wurk}}
'''Twahûs''' is in [[buorskip]] westsúdwestlik fan [[Sythuzen]] op de westkant fan [[It Deel]] yn de gemeente [[De Fryske Marren]]. De grutte pleats hie twa stimmen, en waard meast ta de himrik fan [[Haskerdiken]] rekkene. De namme komt ek foar as ''Tweehuis''. De borskip leit oan de wei Twahûs. Soms wurdt ek de bewenning oan de Vegelinsdyk, fan de T-splitsing mei de Twahûs oant it kanaal It Deel, ta de buorskip rekkene. Dêrmei soe it folle grutter wêze as it oarspronklik wie.
De oarspronklike delsetting is ek ûntstien oan It Deel. It is as in salellytdelsetting fan Sythuzen ûntstien. Der waard oan de oare kant fan it wetter, fan Sythuzen, in dûbelde pleats setten. Yn it begjin fan de achttjinde iuw wurdt de pleats foar it earst neamd. Oant 1954 foel de buorskip krektas Sythuzen ûnder Haskerdiken. Mar nei in grinskorreksje, wêrby 't de grins by it wetter lein waard, foel it ûnder Stobbegat, dat letter de namme Vegelinsoard krige.