De Skien (De Jouwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
pic
[
Rigel 5:
De dyk lei eartiids op de grins fan [[Doanjewerstâl]], tusken [[De Jouwer]] en [[Ousterhaule]]. Skien soe wolris in ferkoarting wêze kinne fan 'skieding'. De dyk kearde oant de achttjinde iuw it wetter út [[Haskerlân]].
De Skien waard foar de oarloch noch ''Skiendyk'', ''Lemsterdyk'', ''Nije Dyk'', ''Krúswei'' en ''Skienewei'' neamd en yn it Nederlânsk ''Scheen(weg)''. Bylâns de Skien wiene foar de Twadde Wrâldoarloch sleatsjes en brechjes, krektas by de noardliker lizzende [[Hurddraversdyk]]. Oan de dyk stiene de [[kristlike MULO (De Jouwer)|kristlike MULO]]. Yn 1928 waard oan de Skien de [[Jouster Wettertoer]] boud. Efter de wenningen oan de Skien lei de trambaan, dêr’t alle dagen in soad trams fan en nei De Lemmer en Snits oer rieden. De dyk waard foar de oarloch ferhurde.
 
Yn 1967 waard it krúspunt mei de Rykswei 43 ferbettere. Dat wie nedich nei de ferdûbeling fan de rydstroken. Dêrtroch waard ek in tunnel oanlein foar fuotgongers en fytsers. De tunnel kaam út by de ‘Skienpleats’ fan Holtrop oan de Roazebosk. Yn 1993 is de de Skien renovearre.