West-Skylge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
Yn [[1666]] is West-Skylge, in rêstoarde foar seelju, mei de [[Twadde Ingelske Oarloch]], troch in ynfal fan de [[Ingelân|Ingelske]] float hast hielendal plat baarnd. Mar tritich huzen bleaunen oerein stean, wêrûnder de Brandaris en de Sint-Jantsjerke.
 
West-Skylge hat jierrenlang lêst hân fan kusteroazje. Troch it ferpleatsen fan in slinke yn noardlike rjochting ferdwûn tusken [[1600]] en [[1800]] in grut part fan it dúngebiet oan de eastkant fan it doarp de see yn. Ek in grut part fan it doarp sels ferdwûn yn de see. Uteinlik waard mei in stelsel fan damen, dy’t oanlein waarden tusken [[1780]] en [[1840]], foarkaam dat it doarp noch fierder yn de see ferdwûn.
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] wenne der ek in lytse [[Joadske mienskip fan Harns en Skylge|Joadske mienskip]] yn West, dy't him dêrhinne ferspraat hie fanút [[Harns (stêd)|Harns]]. Tsjin [[1900]] hiene de measten [[Joaden]] it eilân wer ferlitten. De [[famylje (besibskip)|famylje]] Pais, de lêst oerbleaune Joadske [[húshâlding]] op Skylge, waard ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] yn 'e [[Holokaust]] [[fermoarde]].
 
== Buorskippen ==