Oerlis:Ljouwertersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei ""No hearre ta de gemeente Ljouwert fansels wol de fierhinne Frysktalige doarpen om 'e stêd hinne (noch net dy yn it eardere Boarnsterhim, want dat wie yn 2009 noch in selsstanni..."
 
No edit summary
Rigel 1:
"No hearre ta de gemeente Ljouwert fansels wol de fierhinne Frysktalige doarpen om 'e stêd hinne (noch net dy yn it eardere Boarnsterhim, want dat wie yn 2009 noch in selsstannige gemeente), mar dat kin dy hommelse weromfal fan 20% nei 10% net ferklearje." Nee, mar wat oars kin dat al. Der is namlik in ferskil tusken in taal (of dialekt) ''prate'' en him ''as memmetaal hawwe''. Der wurde al sûnt de jierren seistich net folle bern mer yn it Stedsk opbrocht, mar op strjitte, yn 'e kroech, yn it Cambuur-stadion, ... kin de oprjochte Ljouwerter it al oppikke. Stêdsdialekten hawwe faak in "berge prestizje": yn offisjele bereiken gjin hege status mar wol tige wichtich foar de identiteit fan in mienskip. Sa is de generaasje dy't noch yn it Stêdsk opbroch wie no oan it útstjerren, mar fine je noch genôch Leewadders (of wat derfoar trochgiet) op it ynternet. At je de twaddetaalsprutsers meirekkenje, komme je wol oan 'e 20%. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 28 apr 2019, 22.30 (CEST)
Werom nei de side "Ljouwertersk".