Brân fan de Notre-Dame fan Parys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{Aktueel}}
[[File:Incendie Notre-Dame de Paris amont (cropped).jpg|thumb|''De brân fan de Notre-Dame op 16 april 2019'']]
[[File:Catedral de Notre Dame - eita...........que deus abençoe.webm|thumb|Fideo fan de brân]]
Op 15 april 2019 ûntstie der krekt foar 19:00 oere in grutte [[brân]] yn it dak fan de [[Notre-Dame fan Parys|Notre-Dame]] yn de [[Frankryk|Frânske]] haadstêd [[Parys]].
 
== 15 aprilIt foarfal==
De brân ûntstie op in momint dat de [[katedraal]] renovearre waard en in diel fan it gebou yn 'e stegers stie. Al gau stie in grut part fan it dak fan de katedraal yn 'e lôge, it measte noch boppe de [[Krusing (tsjerke)|krusing]]. Om 19:50 oer stoartte de 19e-iuwske [[Krusing (tsjerke)|krusingstoer]] fan [[Eugène Viollet-le-Duc]] yn en letter yn 'e jûn ek grutte dielen fan it dak, dat foar in part 13e-iuwsk wie en balken hie fan beammen dy't noch út de 8e iuw datearren. Fanwegen de grutte hichte fan de brân wie it lestich foar de brânwar om de brân ûnder kontrôle te krijen en lang wie der noed dat it hiele gebou ferlern gyng. It like efkes nuodlik foar de noardlike muorren te wurden mar oan it ein fan de jûn die bliken dat de beide westlike tuorren en de gevel it rêde soene. De oare deis, op 16 april om 09:46, wie it fjoer lang om let hielendal dwêste.
 
De brân makke grutte yndruk yn en bûten Frankryk. De Frânske presidint [[Emannuel Macron]] sei ôfspraken ôf om sels by de katedraal de sitewaasje op te nimmen en fan rûnom út de wrâld lieten lieders fan lannen harren meilibjen witte.
 
Der wurdt fanút gien dat derde gjinbrân opsetnet ynmei itopsetsin spulstifte wiewaard.
 
== De dei nei de brân ==
De oare deis die bliken dat nettsjinsteande de ramp dochs noch in part fan de keunstwurken sparre wie. Ek de skatkeamer fan de katedraal mei wichtige [[reliken]] fan de toarnekroan, in stik hout fan it krús fan Kristus en in spiker dêr't Kristus mei krusige wie, binne goed troch de brân kommen.<ref>[https://www.trouw.nl/religie-en-filosofie/-relieken-jezus-gered-van-de-vlammen-in-de-notre-dame-~a4d0ad74/ Trouw, 16.04.2019]</ref> It ferneamde 19e-iuwske Cavaillé-Coll liket de brân ridlik goed oerlibbe te hawwen. In 19e-iuwsk koeroargel rûn lykwols troch wetter wol grutte skea op<ref>[https://www.rd.nl/l/Liveblog/15042019%20NotreDame Reformatorisch Dagblad, 16.04.2010]</ref>. Macron liet noch yn 'e jûn fan de brân witte dat de Notre-Dame yn âlde gloarje weropboud wurde sil. Al de dei nei de brân wie der al in bedrag fan 800 miljoen [[euro]] tasein foar de weropbou fan de katedraal, dy't neffens de Frânske presidint yn fiif tiid plakfine en foltôge wêze moat as Frankryk de [[Olympyske Spullen]] yn 2024 organisearret. Dêrnjonken hat Frankryk de ambysje om katedraal ek noch ris moaier te meitsjen dan ea tefoarren.<ref>[https://www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/frankrijk-maakt-vaart-met-plannen-voor-de-wederopbouw-van-de-notre-dame~b17b4826/ Volkskrant, 17.04.2019]</ref>