Ferwerderadiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L by de tiid brocht
LNo edit summary
Rigel 43:
| webside = [http://www.ferwerderadiel.nl www.ferwerderadiel.nl]
}}
'''Ferwerderadiel''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Ferwerderadeel'') wie in [[gemeente]] oan de [[noard]]kust fan [[Fryslân]], mei 8.681 ynwenners (30 april 2017). De gemeente besloech 133,18 km², wêrfan 34,5 km² wetter. De gemeente hie in [[kust]]line fan 10,1 km oan 'ede [[Waadsee]]. Ferwerderadiel ûntstie as [[gritenij]] yn 'e [[fyftjinde iuw]]. It hold op te bestean op [[1 jannewaris]] [[2019]], doe't it opgie yn 'e nije fúzjegemeente [[Noardeast-Fryslân]].
 
== Geografy ==
Rigel 51:
 
=== Plakken ===
Haadplak fan de gemeente wie [[Ferwert]], en de oare plakken yn de gemeente wiene: [[Burdaard]], [[Blije]], [[Ginnum]], [[Hallum]], [[Hegebeintum]], [[Jannum]], [[Jislum]], [[Lichtaard]], [[Marrum]], [[Reitsum]] en [[Wânswert]]. Oarspronklik lei ek in part fan it doarp [[Alde Leie]] yn Ferwerderadiel (en in oar part op [[It Bilt]]), oant it doarp yn it ramt fan 'ede [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] yn syn gehiel by [[Ljouwerteradiel]] foege waard. In oar earder doarp yn Ferwerderadiel wie [[Westernijtsjerk]], dat yn [[1971]] syn doarpsstatus ferlear en as [[buorskip]] oan [[Marrum]] tafoege waard. [[Jannum]] en in diel fan [[Burdaard]] leine foarhinne yn 'e gemeente [[Dantumadiel]], en kamen pas yn [[1984]] by Ferwerderadiel te hearren.
 
Fierder lei ek in part fan de [[buorskip]] [[Bartlehiem]] yn dizze gemeente. Oare buorskippen yn de gemeente wiene: [[Farebuorren]], [[Hallumerhoek]], [[De Ryp (buorskip)|De Ryp]] en [[Fiifhuzen (Ferwerderadiel)|Fiifhuzen]].
Rigel 60:
Ferwerderadiel hie fan de [[6e iuw f.Kr.]] oant de [[12e iuw]] nei Kr. in gebiet fan [[terp]]bewenning west. Yn de 12e iuw begûn de oanlis fan [[dyk|diken]], wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.
 
Ferwerderadiel wie yn dy tiid part fan [[Eastergoa]], en nei't dat opspjalte waard, waard it in part fan de [[Noardlike njoggen]]. Fan [[1242]] ôf waard der skreaun fan [[grytman]]nen, mar pas yn de [[15e iuw]] waarden de dielen selstannichselsstannich en waard Ferwerderadiel in [[gritenij]].
 
Oant dy tiid wie ek [[it Amelân]] part fan Ferwerderadiel, mar yn [[1405]] waard it eilân selstannich. Der bleaune al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de [[19e iuw]] yn Ferwerderadiel noch in [[fear]] nei it eilân. De [[gritenij]] Ferwerderadiel waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]].