Kâlde Kriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
LNo edit summary
Rigel 16:
Yn de ferneamde ''Fultonspeech'' fan [[5 maart]] [[1946]] brocht Winston Churchill it begryp 'the iron curtain' (it izeren gerdyn) op it aljemint. It begryp izeren gerdyn waard it symboal fan West- en East-Jeropa wilens de Kâlde Kriich.
 
By de gearkomste fan Potsdam wie it wis dat Dútslân yn fjouwer dielen parte wurde soe: in Frânske besettingssône, in Britske en Amearikaanske besettingssône: dy trije sônes soenen yn 1949 de Bûnsrepublyk Dútslân (BRD) wurde. It fjirde diel kaam ûnder Russysk bewâld, en waard de Dútske Demokratyske Republyl (DDR). Dyselde yndieling gou foar de stêd [[Berlyn]]. De Dútske gebieten beëasten de [[Oder]] en [[Neisse]] waarden Poalsk grûngebiet. It easten fan [[Poalen]], waard Russysk grûngebiet. Eastenryk soe parte wurde yn fjouwer besettingssônes; mar yn 1955 koe Eastenryk wer selstannichselsstannich wurde mei it betingst om ivich neutraal te bliuwen. Dêrfandinne is Eastenryk hjoed noch hieltyd gjin lid fan de NAFO.
 
Yn [[1961]] waard de [[Berlynske Muorre]] boud om flechtelingen fan East- nei West-Jeropa op te kearen.