Ferskil tusken ferzjes fan "Irak"

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L
It tsjintwurdige Irak is itselde gebiet as it eardere [[Mesopotaamje]], en is wat gruttens oanbelangjend sawat itselde as doe. Mesopotaamje bestie út it lân tusken de rivieren [[Eufraat]] en [[Tigris]]. In protte beskavings hawwe oer Mesopotaamje hearske: de [[Sumearjers]], [[Assyrjers]], [[Babyloanjers]], [[Perzen]] en [[Massedoanjers]]. Yn de [[7e iuw]] waard Mesopotaamje troch de [[Islam]]ityske [[Arabieren]] oermastere.
 
Fan de [[15e iuw]] ôf makke Irak diel út fan it [[Ottomaanske Ryk]], dat yn [[1917]] ta fal brocht waard. By it ferparten fan it Ottomaanse Ryk troch de [[Folkebûn]] kaam Irak ûnder [[Grut-Brittanje|Britsk]] [[mandaat]]. [[Faisal Ibn Hoessein]] waard troch de Britten as kening oansteld. De Britten hawwe Irak yn [[1932]] selstannichselsstannich makke, mar yn [[1941]] waard it opnij yn besit naam troch Grut-Brittanje; in militêre steatsgreep yn [[1958]] makke in ein oan it keningskip dat de Britten oplein hienen.
 
Yn [[1979]] waard [[Saddam Hoessein]] de machtichste man yn de [[Ba'ath-partij]] en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhandige wize in ein makke oan alle opposysje.
De wichtichste befolkingsgroepen yn Irak binne de [[Arabieren]], de [[Koerden|Koerden]] en yn wat mindere mate de [[Turkmenen]]. Fierders wenje der ek kristlike [[Assyrjers]] en [[Aramejers]] yn Irak.
 
Yn itde midden en suden fan Irak wenje Arabieren wêrfan it meastenpartmeastepart, om-ende-by 60% fan de totale befolking, [[Sjiïsme|sjiïtyske]] binne. Hja wenje benammen yn it suden, dêr't him ek de hillige stêden fan de sjiïten, [[Karbala]] en [[Najaf]], binne. Dêrnjonken wennet in grutte groep Sjiïten yn Bagdad, foaral yn de 'wyk' [[Sadr-stêd]].
 
Yn it midden fan Irak, yn de saneamde [[Soennityske trijehoek]], wenje benammen [[soenniten|soennityske]] Arabieren, dy't likernôch 20% fan de befolking útmeitsje.
7.783

bewurkings