Trajanus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 6:
Trajanus wie de [[oerwûne soan]] fan in senator en generaal út in ferneamde [[Etrusken|Etruskysk]] famylje, de ''Ulpii''. Dizze famylje hie har koart nei de [[Twadde Punyske oarloch]] fêstige yn de provinsje [[Hispanje Baetika|Baetika]] yn [[Spanje]].
 
Trajanus waard berne yn de stêd [[Itálica]] yn Baetica en makke opgong yn it Romeinske leger as militêr. Hy die mei oan de fjildtochten fan keizer [[Domitianus]] tsjin de Germanen. Doe't dizze keizer yn [[96]] fermoarde waard, wie Trajanus ien fan syn wichtigste legeroanfierders en tige populêr by it leger. [[Nerva]], de opfolger fan Domitianus hie sels gjin goeie relaasje mei it leger, dêrom adopteardeadoptearre hy Trajanus en makke him ta syn kroanprins. Doe't Nerva op [[25 jannewaris]] [[98]] ferstoar koe Trajanus him yn alle rêst opfolgje.
 
=== De Dasyske oarloggen ===
Trajanus is foaral bekend wurden as fjildhear. Yn [[101]] hâlde hy in strafekspedysje tsjin it keninkryk [[Daasje]], omdat de Romeinen ûnder keizer Domitianus in oantal kearen fernederjendefernederjend ferlern hienenhiene. Trajanus late syn troepen de Donau oer en twong kening [[Desebalus]] nei in jier kriich him te ûnderwerpen oan de Romeinske macht. Trajanus hâlde in segetocht troch Rome en krige fan it folk de earetitel ''Dacicus Maximus''.
 
Mar de fersleine Desebalus krige stipe fan oare naasjes benoarden de Donau en kaam tsjin de Romeinen yn opstân. Opnij kaam Trajanus mei it leger yn aksje. Diskear boude hy in brêge oer de Donau en foel Daasje binnen. De opstân fan Desebalus waard troch de Romeinen op geweldiedigegewelddiedige wize ûnderdrukt wêrby in grut part fan de Dasyske befolking útmoarde waard. Yn [[106]] hie Trajanus de [[Daasjers]] ferslein en hiel harren gebiet oermastere. De haadstêd [[Sarmizegetusa]] wie ferwoaste en Desebalus sels himsels tekoart dien. It oermastere Daasje waard as provinsje kompleet ynlive by it Romeinske ryk. Op de púnfallen fan de âlde haadstêd waard in nije stêd boud: ''Colonia Ulpia Traiana''. Omdat de oarspronklike befolking sawat útrûge wie waard it gebiet opnij befolke mei Romeinske kolonisten.
 
=== Utwreiding nei it easten ===
Om deselde tiid hinne kaam der ek in ein oan it selstannichselsstannich keninkryk fan [[Nabateeërs|Nabatea]]. By de dea fan de lêste kening wie by testamint bepaald, dat it gebiet by it Romeinske Ryk komme soe. Sa ûntstie de provinsje [[Arabia Petrea]], dy't it hjoeddeiske [[Jordaanje]] en in stikje [[Saûdy-Araabje]] omfette.
 
=== It tiidrek fan frede ===