Fryske Peallen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8:
| ynwennertal = 1014
| webstee =
}}
[[Ofbyld:Fryske peallen.jpg|thumb|left|300px|''Fryske Peallen'']]
[[Ofbyld:Fryskepeallen sjoen fanút east rjochting west 2006 06 11 ballon 074.jpg|thumb|right|300px250px|''Fryske Peallen'']]
'''Fryske Peallen''' is in doarp yn it noarden fan de gemeente [[Opsterlân]]. It doarp hat likernôch 1014 ynwenners (2005). Fryske Peallen leit flakby de grins mei [[Grinslân]] en de doarpen [[Sigerswâld (Opsterlân)|Sigerswâld]] en [[Oerterp]]. It doarp leit oan de wei fan [[Bakkefean]] nei de rykswei [[A7]].
 
== Skiednis ==
[[File:De Schans 2014 Frieschepalen.JPG|thumb|250px|Rekonstruksje fan in part fan de skâns (2014)]]
Fryske Peallen ûntstie yn de [[18e iuw]] as [[ûntginning]]sdoarp yn it [[heechfean]]. Fan om 1600 hinne waard it fean hieltiten fierder ôfgroeven yn de rjochting fan [[Grinslân]] oant in kommisje dat fanwege de Grinslanner Steaten ferbea. Pas yn [[1724]] kaam der in dúdlik grinsferdrach.<br>
It eardere fuotbalfjild fan Fryske peallen lei op Grinslanner grûn en de iisbaan fan de Pealsters leit formeel noch altiten yn Grinslân. Oant 1951 hearde it doarp by [[Sigerswâld (Opsterlân)|Sigerswâld]]. Pleatslik Belang die doe al jierren war om de doarpsstaus te krijen. It westlike diel fan it doarp foel altiten ûnder [[Oerterp]], wylst it easten ûnder Sigerswâld foel. Sigerswâld rekke oan it nije doarp yn ien klap twa skoallen en in tsjerke kwyt. Gefoelsmjittich bleau [[buorskip]] [[De Haar]] út de [[Mearum (gemeente)|gemeente Mearum]] by Fryskepeallen hearren.
 
It wapen fan Fryske Peallen is ôflaat fan de skâns dy't [[steedhâlder]] [[Willem Loadewyk]] yn [[1593]] bouwe litten hat, ien fan de skânsen yn Fryslân om de Spaanske legers te warren út Fryslân. De skâns yn it wapen hâldt de Spanjerts tsjin, symbolisearre troch it wapen fan [[Arragon]], mei de symboalen út de Fryske flagge oan de oare kant.
 
== Mienskip ==
[[Ofbyld:Fryske peallen.jpg|thumb|right|300px|''Fryske Peallen'']]
Winkels binne net mear yn it doarp. Der wie lange tiid noch in winkeltsje foar elektryske apparaten, in waarme bakker, en in ridende buertwinkel. Ek binne der meardere autohandelers en der is in winkel mei fan alles. Fierders moatte de ynwenners boadskipje yn [[Oerterp]] en yn it wat fierder lizzende [[Drachten]]. De bibleteekfoarsjenning wurdt fersoarge middels in bibliobus. It multyfunksjonele sintrum hjit "De Dobber". 'De Skâns' en de 'Rehoboth' wiene de skoallen fan it doarp. Dizze binne fusearre ta in brede skoalle.