Skandaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Werom sette fan ferzje 959376 fan Special:Contributions/Frou Watzema (Meidogger_oerlis:Frou Watzema) der is neat mis mei " 'e "
Lebel: Weromsetting
L red
Rigel 1:
In '''skandaal''' (fan it [[Frânsk]]e ''scandale'', mei deselde betsjutting) is in [[beskuldiging]] of [[fertochtmakking]] dy't de [[reputaasje]] fan bgl. in [[ynstitút]], in [[bedriuw]] of in [[minske|yndividueel persoan]] skea tabringt en dêrtroch yn 'e [[publike opiny]] de [[betrouberens]] fan sa'n ynstitút, bedriuw of persoan oantaast. It giet yn sa'n gefal faak om (ûndersteld) [[ûnfoechsumens|ûnfoech]] of [[ûnbetamsumens|ûnbetamsum]], [[noarmen en wearden|amoreel]] of [[kriminaliteit|krimineel]] [[hâlden en dragen]], mei as [[motyf]] [[ynklauwerigens]], [[lust]] of [[machtsmisbrûk]], dêr't troch de [[media]] in soad oandacht oan skonken wurdt. In skandaal kin basearre wêze op 'e wierheid, op falske bewearings, of op in kombinaasje fan beiden. It kin ornaris [[kategorisearre]] wurde as [[polityk]], [[seks]]ueel, [[noarmen en wearden|moreel]] of [[skiene keunsten|literêr of keunstsinnich]], mar ferspriedt him gauris fan it iene mêd nei it oare. Yn 'e polityk leit oan skandalen net selden [[korrupsje]] te'n grûnslach.
 
Faak wurdt in skandaal yn 'e iepenbierheid brocht troch de [[media]], as dy tafallich of troch [[ûndersykssjoernalistyk]] wat op it spoar komme dat net troch de bûgel kin en dan begjinne te graven om te sjen wat der noch mear foar 't ljocht komme sil. Dêrnjonken kin it ek dat in skandaal oan it rôljen komt troch de dieden fan in [[tipjouwer]], [[klokkelieder (melder fan misstannen)|klokkelieder]] of [[hacker]], dy't soms nau belutsen is by de persoan, ynstelling of ûndernimming dy't yn it ramt fan it skandaal beskuldige wurdt fan ûntalitber gedrach. By aksjes fan sokke oanjouwers, dy't der soms mei nei de [[plysje]] geane, mar faker nei de media, kinne alderhanne motiven meispylje, lykas [[rankune]] of [[wraak]], [[sjantaazje]], [[rjochtfeardichheid]]sgefoel, [[winsucht]] of út wêzen op [[sinsaasjesensaasje]] of [[publisiteit]].
 
In protte skandalen bringe oan 'e reputaasje fan 'e belutsen persoan, ynstelling of ûndernimming sa'n skea ta dat it publyk him dêr massaal fan ôfkeart en der neitiid altyd in beskaat [[wantrouwen]] tsjin koesteret. Doe't de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Richard Nixon]] yn [[1973]] ôftrede moast fanwegen it [[Watergate-skandaal]], koed er dêrnei syn negative reputaasje nea wer kwytwurde. De [[Dútslân|Dútske]] [[popmuzyk|popgroep]] [[Milli Vanilli]] wie yn [[1990]] koarte tiid ûnbidige populêr, oant bekend waard dat se al harren nûmers [[playback]]ten, wêrnei't harren [[karriêre]] folslein ynstoarte. Skandalen hoege foar de belutsenen lykwols net beslist sokke grutte gefolgen te hawwen. Sa ûnderfûn de Amerikaanske presidint [[Ronald Reagan]] fan it [[Iran-Kontra-skandaal]] yn [[1987]]-[[1988]] gjin bliuwende swierrichheden, en trochstie de Amerikaansk presidint [[Bill Clinton]] it [[Lewinsky-skandaal]] yn [[1998]]-[[1999]] sûnder folle bliuwende skea oan syn reputaasje.