Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ... neffens it wurdboek
L [[]]
Rigel 15:
| webside = [http://www.clinteastwood.net/ www.clinteastwood.net]
}}
'''Clint Eastwood''' (folút: '''Clinton Eastwood jr.'''; [[San Francisco]], [[31 maaie]] [[1930]]) is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[akteur]], [[filmregisseur]], [[produsint|filmprodusint]], [[komponist]] fan [[filmmuzyk]] en earder [[politikus]]. Hy sette yn [[1955]] útein mei in [[aktearjen|aktearkarriêre]], en briek yn [[1959]] troch mei de [[rol]] fan Rowdy Yates yn 'e [[western (sjenre)|westernsearje]] ''Rawhide''. Neitiid spile er yn 'e [[1960-er jierren]] yn ferneamde [[spagettywestern]]s as ''[[A Fistful of Dollars]]'', ''[[For a Few Dollars More]]'' en ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'', en yn 'e [[1970-er jierren|1970-er]] en [[1980-er jierren]] yn al like ferneamde [[plysjefilm]]s as ''Dirty Harry'', ''Magnum Force'' en ''The Dead Pool''. Sokke rollen hawwe fan Eastwood in [[kultureel ikoan]] fan [[manlikheid]] makke. Hy spile ek yn 'e [[westernfilm]]s ''The Outlaw Josey Wales'', ''High Plains Drifter'', ''Pale Rider'' en ''Unforgiven'', de [[oarlochsfilm]] ''Where Eagles Dare'', de [[psychologyske skriller]] ''Play Misty for Me'', de [[aksjefilm]] ''In the Line of Fire'', de [[skriller]]s ''Absolute Power'' en ''Blood Work'', it [[romantyk (leafde)|romantysk]] [[dramafilm|drama]] ''The Bridges of Madison County'', it [[sport]]drama ''Million Dollar Baby'' en de [[dramafilm]] ''Gran Torino''. Foar ''Unforgiven'' en ''Million Dollar Baby'' wûn Eastwood beide kearen sawol de [[Oscar]] foar bêste [[regisseur]] as dy foar bêste [[film]]. As eigner fan syn eigen [[filmstudio]], [[Malpaso Productions]], regissearre en produsearre er ek films dêr't er sels net yn spile, lykas it [[detektivefilm|detektivedrama]] ''Mystic River'', de [[oarlochsfilm]] ''Letters from Iwo Jima'' en de [[sport]]film ''Invictus''. Fierders skreau er gauris sels de [[filmmuzyk]] foar syn produksjes. Njonken syn karriêre yn 'e [[filmyndustry]] wie Eastwood fan [[1986]] oant [[1988]] ek [[boargemaster]] fan syn wenplak [[Carmel-by-the-Sea (Kalifornje)|Carmel-by-the-Sea]].
[[File:Clint Eastwood BBC Radio4 Front Row 31 Dec 2009 b00pfl98.flac|right|thumb|265px|De [[stim]] fan Clint Eastwood (fragmint fan in [[radioprogramma]] fan 'e [[BBC]] út [[2009]]).]]
 
Rigel 44:
''Rawhide'' rûn fan [[1959]] oant en mei [[1965]], en dat wie de swierste tiid fan Eastwood syn aktearkarriêre, mei't de opnamen faak seis [[dagen]] yn 'e [[wike]] trochgiene mei [[wurkdagen]] fan soms wol tolve [[oere]]n. Nettsjinsteande dat krige er fan guon regisseurs dochs noch te hearren dat er net hurd genôch wurke. Eastwood sette yn dy tiid sels ek de earste stappen as regisseur troch ferskate [[trailer]]s foar de searje op te nimmen, mar it slagge him net de [[produsint]]en te bepraten om him ek ris in ôflevering regissearje te litten. Tsjin [[1963]] begûnen de ideeën foar nije ôfleverings op te reitsjen en fan dat punt ôf giene de [[sjochsifers]] omleech. Uteinlik waard yn 'e midden fan it [[tillefyzjeseizoen]] [[1965]]-[[1966]] besletten om 'e searje stop te setten.
 
Ein [[1963]] wiisde [[Eric Fleming]], ien fan Eastwood syn [[kollega]]-akteurs yn ''Rawhide'', in oanbod ôf om 'e [[haadrol]] te spyljen yn in [[spagettywestern]] mei de [[titel (namme)|titel]] ''[[A Fistful of Dollars]]'', dy't yn in ôfhandige úthoeke fan [[Spanje]] opnommen wurde soe mei de ûnbekende [[Itaalje|Italjaan]] [[Sergio Leone]] as regisseur. Dêrop rette akteur [[Richard Harrison (akteur)|Richard Harrison]] oan Leone oan om 'e haadrol oan Eastwood oan te bieden, mei't er wist dat dy in oertsjûgjende cowboy delsette koe. Eastwood seach yn ''A Fistful of Dollars'' benammen de kâns om te ûntkommen oan syn ''Rawhide''-[[imago]], mei't it him, sa seid er letter yn in fraachpetear, danich ta de kiel úthong "om hieltyd wer de tradisjonele held spylje te moatten dy't aloan en mar wer âlde wyfkes en hûnen tutet en Jan en alleman freonlik behannelet. Ik besleat dat it tiid waard om ris in antyheld te wêzen."
 
Dêrom tekene er in [[kontrakt]] foar $15.000 foar alve wiken wurk, mei as [[bonus]] in [[Mercedes-Benz|Mercedes]] as de film klear wie. Eastwood spile in wichtige rol yn 'e skepping fan it haadpersonaazje, de 'Man sûnder Namme', al stie Leone der op dat Eastwood, dy't sels net [[smoken|smookte]], dat yn dy rol wol dwaan moast, om't er dat as in essinsjeel ûnderdiel fan 'e lichemsstyl fan it personaazje beskôge. ''A Fistful of Dollars'' ([[1964]]) waard in ûnbidich súkses en foarme in mylpeal yn 'e ûntwikkeling fan 'e [[spagettywestern]] en fan it [[westernsjenre]] yn it algemien. Der waard in wetteleazer en desolater wrâld yn ôfbylde as dat yn tradisjonele westerns gebrûklik wie, en de haadpersoan wie net it Amerikaanske [[stereotype]] westernheld, mar in [[noarmen en wearden|moreel]] dûbelsinnige [[antyheld]] dy't him nearne oan bûn liek te fielen. Sergio Leone waard mei de film wrâldferneamd, en Eastwood wûn der grutte populariteit mei yn [[Itaalje]]. Hy waard dêrom troch Leone weromfrege foar de haadrol yn ''[[For a Few Dollars More]]'' ([[1965]]), dy't likefolle súkses hie.
[[File:Clint Eastwood - 1960s.JPG|right|thumb|240px|Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn ''[[A Fistful of Dollars]]'' ([[1964]]).]]
 
Yn [[jannewaris]] [[1966]] mette Eastwood yn [[New York (stêd)|New York]] de Italjaanske [[produsint|filmprodusint]] [[Dino de Laurentiis]], dy't him frege om yn 'e film ''Le Streghe'' ("De Heksen", [[1967]]) te spyljen, in fiiflûk dêr't er De Laurentiis syn [[oarehelte|frou]] [[Silvana Mangano]] as [[tsjinspylster]] hawwe soe. It njoggentjin [[minuten]] duorjende segmint fan 'e film dêr't Eastwood yn spile, wie binnen in pear dagen opnommen, mar doe't de film útkaam, wiene de [[filmkritisy]] der min oer te sprekken, mei't it in tige "ûn-Clint-eftich optreden" wie, sa't ien fan harren it omskreau. Twa [[moanne (tiid)|moannen]] letter begûnen de opnamen foar de trêde film fan Sergio Leone dêr't Eastwood yn spile: ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' ([[1966]]), dy't draaide om 'e syktocht nei in bedobbe foarrie [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederearre]] [[goud]]. Eastwood hie dêr fannijs de rol fan 'e mysterieze 'Man sûnder Namme' yn, en wurke yn 'e film gear mei [[Lee Van Cleef]] as in ûnmeilydsume skatsiker en [[Eli Wallach]] yn 'e rol fan 'e snoade [[Meksiko|Meksikaanske]] [[bandyt]] Tuco Ramírez.
 
De ''[[Dollars Trilogy]]''-trilogy fan Leone kaam yn 'e [[Feriene Steaten]] pas yn [[1967]] yn 'e [[bioskopen]]: ''[[A Fistful of Dollars]]'' op [[18 jannewaris]], ''[[For a Few Dollars More]]'' op [[10 maaie]], en ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' op [[29 desimber]]. Alle trije krigen se minne [[filmkrityk|kritiken]], en alle trije waarden se nettsjinsteande dat in [[kommersje]]el súkses. Dat wie yn 't bysûnder sa mei ''The Good, the Bad and the Ugly'', dy't yn 'e Feriene Steaten úteinlik $8 miljoen [[opbringst|opbrocht]] en fan Eastwood in wiere filmstjer makke. Dêrtroch krige er ek rollen yn Amerikaanske films oanbean. Mei it jild dat Eastwood fertsjinne hie oan 'e ''Dollars Trilogy''-trilogy holp syn [[boekhâlder]] [[Irving Leonard (finansjeel adviseur)|Irving Leonard]] him om syn eigen [[filmstudio]] op te rjochtsjen, dy't Eastwood de namme [[Malpaso Productions]] joech, nei de [[Malpaso Creek]], in [[beek]]je dat troch lân streamde dat er besiet yn [[Monterey County (Kalifornje)|Monterey County]], yn [[Kalifornje]]. Eastwood syn folgjende film wie de [[westernfilm|western]] ''Hang 'Em High'' ([[1968]]), dêr't er in man yn spile dy't troch [[figilante]]s [[lynchen|lyncht]] wurdt, mar it oerlibbet en dan [[marshal]] wurdt om 'e [[wet]] te brûken en nim [[wraak]] op syn fijannen. Dêrmei fertsjinne wer $400.000 plus 25% fan 'e opbringst yn 'e bioskopen.
 
====Oare iere súksessen====
Foar't ''Hang 'Em High'' útkaam, wie Eastwood al begûn mei wurk oan syn foljgende film, ''Coogan's Bluff'' ([[1968]]), oer in [[helpsheriff]] út [[Arizona]] dy't (yn 'e moderne tiid) in sochte [[psychopaat|psychopatyske]] [[krimineel]] efterfolget troch de stritten fan [[New York (stêd)|New York]]. Foar dy film krige er in [[salaris]] fan $1 miljoen útbetelle. Mei de regisseur fan ''Coogan's Bluff'', [[Don Siegel]], sleat Eastwood in [[freonskip]] dêr't fiif oare films út fuortkomme soene. Ek kaam Eastwood op 'e set fan ''Coogan's Bluff'' yn 'e kunde mei de [[Argentynje|Argentynske]] [[komponist]] [[Lalo Schifrin]], dy't letter de [[jazz]]-eftige [[filmmuzyk]] foar ferskaten fan syn films út 'e [[1970-er jierren|1970-er]] en [[1980-er jierren]] skriuwe soe. Hoewol't ''Coogan's Bluff'' kontroversjeel wie fanwegen de werjefte fan [[geweld]], wie de film hiel súksesfol. De trêde film fan Eastwood dy't yn [[1968]] útkaam, wie de [[oarlochsfilm]] ''Where Eagles Dare'', nei it boek mei deselde namme fan [[Alistair MacLean]], wêryn't in [[Alliëarden|Alliëard]] [[kommando]]team in [[Gestapo]]basis yn 'e [[Alpen]] ynfiltrearret en dan ûntdekt dat harren team sels troch de [[nazy]]s ynfiltrearre is. Yn ''Where Eagles Dare'' hie Eastwood [[Richard Burton]] as tsjinspiler. Hy fertsjinne mei syn rol fan 'e Amerikaanske [[luitenant]] Schaffer $750.000.
[[File:Clint Eastwood1.png|left|thumb|300px|Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn ''[[For a Few Dollars More]]'' ([[1965]]).]]
 
Dêrnei besocht Eastwood wat nijs, troch yn [[1969]] yn 'e iennichste [[musical]] út syn karriêre te spyljen. Dat wie ''Paint Your Wagon'', wêryn't hy en [[Lee Marvin]] [[goudsiker]]s yn it [[Wylde Westen]] spilen dy't tegearre ien fan 'e froulju ([[Jean Seberg]]) fan in [[mormoan]] oerkeapje. De produksje fan 'e musical waard pleage troch fertragings en min [[waar]], en koste úteinlik mear as $20 miljoen, wat foar dy tiid ekstreem djoer wie. Doe't er ienris útkaam, waard er troch de filmkritisy lau ûntfongen, en yn 'e bioskopen waard ''Paint Your Wagon'' likemin in súkses, hoewol't de film wol in nominaasje krige foar in [[Golden Globe]] yn 'e [[kategory]] 'bêste spylfilm (musical of komeedzje)'.
Rigel 224:
|align="center"| 1958 || ''Ambush at Cimarron Pass'' || Keith Williams || akteur
|-
|align="center"| 1964 || ''[[A Fistful of Dollars]]'' || de Man sûnder Namme || akteur
|-
|align="center"| 1965 || ''[[For a Few Dollars More]]'' || de Man sûnder Namme || akteur
|-
|align="center"| 1966 || ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' || de Man sûnder Namme || akteur
|-
|align="center"| 1967 || ''Le Streghe'' || Carlone / Charlie || akteur