Ester (skiekunde): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "Yn de skiekunde, is in '''ester''' in ferbining fan in soer (organysk of anorganysk) mei in alkohol, dêr't alteast ien hydroksylgroep (-OH)..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 mai 2019 om 08.21

Yn de skiekunde, is in ester in ferbining fan in soer (organysk of anorganysk) mei in alkohol, dêr't alteast ien hydroksylgroep (-OH) ferfongen wurdt troch in alkylgroep (-O). Esters komme ornaris fan karbonsoer en in alkohol. Glyseriden, dat esters fan fetsoeren fan glyserol binne, binne wichtige esters yn de biology. Hja binne ien fan de haadklassen fan de lipiden, en foarmje it grutste part fan dierlike en plantaardige fetten.

Esters mei in licht molekulêr gewicht wurde ornaris brûkt yn geurmiddels en sitte yn eteryske oalje en feromoanen. Fosfody-esterbiningsfoarmje de rêchbonke DNA-molekulen. Nitraatesters, sa as nitroglyserine, dy't ferneamd binne om't hja tige eksplosyf wêze kinne, wylst polyester in wichtich plestik is. Esters hawwe ornaris in swiete geur en binne goed op te lossen.