Ferskil tusken ferzjes fan "Ester (skiekunde)"

gjin bewurkingsgearfetting
(Side makke mei "Yn de skiekunde, is in '''ester''' in ferbining fan in soer (organysk of anorganysk) mei in alkohol, dêr't alteast ien hydroksylgroep (-OH)...")
 
Yn de [[skiekunde]], is in '''ester''' in ferbining fan in [[soer]] (organysk of anorganysk) mei in [[alkohol (stofklasse)|alkohol]], dêr't alteast ien [[hydroksylgroep]] (-OH) ferfongen wurdt troch in [[alkylgroep]] (-O). Esters komme ornaris fan [[karbonsoer]] en in alkohol. [[Glyseride]]n, dat esters fan fetsoeren fan [[glyserol]] binne, binne wichtige esters yn de [[biology]]. Hja binne ien fan de haadklassen fan de [[lipide]]n, en foarmje it grutste part fan dierlike en plantaardige fetten.
 
Esters mei in licht molekulêr gewicht wurde ornaris brûkt yn geurmiddels en sitte yn [[eteryske oalje]] en [[feromoan]]en. [[Fosfody-esterbining]]sfoarmjes foarmje de rêchbonke [[Desoksyribonukleïnesoer|DNA]]-molekulen. [[Nitraat]]esters, sa as [[nitroglyserine]], dy't ferneamd binne om't hja tige eksplosyf wêze kinne, wylst [[polyester]] in wichtich [[plestik]] is. Esters hawwe ornaris in swiete geur en binne goed op te lossen.
 
<center><gallery perrow="3" caption="Algemiene struktueren fan esters">
Ofbyld:Ester.svg|Ester fan karbonsoer
Ofbyld:Phosphate Group.PNG|Ester fan fosforsoer (1x ferestere)
Ofbyld:Phosphate ester.PNG|Ester fan fosforsoer (3x ferestere)
Ofbyld:Phosphite ester.PNG|Ester fan fosfoarichsoer
Ofbyld:Nitrite-ester-2D.png|Ester fan salpeterichsoer
</gallery></center>
 
 
[[Kategory:Skiekunde]]
2.603

bewurkings