Aleksander Petsjersky: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 33:
Op 18 septimber 1943 waard er mei mear as twatûzen Joaden út [[Minsk]], dêr't 100 joadske kriichsfinzene Sovjetmilitêren ûnder wiene, yn'e trein nei it ferneatigingskamp Sobibór transportearre. Hy en syn mannen waarden net direkt fermoarde, mar opsluten yn Kamp I. Dêr betocht er - yn 'e mande mei de Poal [[Leon Feldhendler]] - in grut opset flechtplan, dat al op 14 oktober 1943 útfierd waard. Soks koe barre, nei it deadzjen fan in oantal wachters mei messen en bilen. Op it lêst ûntflechten en oerlibben 53 finzenen. Alle efterbleaune finzenen en ek de flechtlingen dy't pakt wiene waarden eksekutearre. It kamp waard in skoft letter hielendal ûntmantele en ferneatige.
 
Nei't er ûntkaam wie sleat er him oan by in groep Poalske [[partisanen]] en focht mei harren oant yn de simmer fan 1944<ref>[http://yad-vashem.org.il/odot_pdf/Microsoft%20Word%20-%205708.pdf Yad Vashem artikel oer Ptsjersky]</ref>.
 
Werom by it [[Reade Leger]] waard Petsjersky promovearre ta kaptein en dekorearre foar syn bewiisde tsjinsten. Syn tsjûgenissen en it rapport oer it barren yn Sobibór waarden letter opnommen yn it ''Black Book'' skreaun troch [[Vasily Grossman]] en [[Ilya Ehrenburg]].
 
== Nei de oarloch ==