Gerrit Aalfs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf. fan nl:
 
Rigel 1:
'''Gerrit Aalfs''' ([[Vries]], [[31 july]] [[1892]] - [[Assen]], [[26 oktober]] [[1970]]) wie in learaar en filmmakker.
 
Aalfs wie in soan fan boargemaster [[Hendrik Arnoldus Aalfs]] en Gerritdina Maria Vermeulen. Hy studearre oan de Haachske Akadeemje en sette him nei it foltôgjen fan syn stúdzje yn 1922 út Drinte wei yn Harns nei wenjen. Hy troude op 27 oktober 1922 yn [[Sint-Anne]] mei Wytske van Gelder (1894). Sy krigen twa dochters.
 
Aalfs wie tekenlearaar oan de Ryks-[[HBS]] yn [[Harns (stêd)|Harns]] tusken [[1922]] - [[1957]]. Hy wurdt beskôge as de nestor fan de Fryske smelfilm-amateurs. Hy wie mei-oprjochter fan it Fryske filmkollektyf [[Film yn Fryslân]] (F.Y.F.).