Toverboek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
oanfolling en ferbettering
 
Rigel 1:
In '''toverboek''', of mei in [[lienwurd]] út it [[Frânsk]] '''''grimoire''''', is in [[boek]] wêryn't in [[tsjoender]] saken oangeande syn beoefening fan [[tsjoenderij]] opskreaun hat. Men kin dan tinke oan [[resept]]en foar [[toverdrank]]en, útlis hoe't [[talisman]]s en [[amulet]]ten makke wurde moatte, de krekte [[tekst]]en fan [[beswarring]]s om [[betsjoening]]s te dwaan of [[demoanen]] op te roppen, en de juste [[tekst]]en foar it oplizzen of ûntlêstgjen fan [[ferflokking]]s. Toverboeken binne sterk ferbûn mei de [[teürgy]], in foarm fan tsjoenderij dy't û.m. it oproppen fan en opdrachten jaan oan [[boppenatuerlik]]e wêzens omfiemet, lykas [[demoanen]] en [[godheid|godheden]].
It '''toverboek''' is in boek út it folksleauwe. It boek moat troch de lêzer like hurd efterstefoarst as normaal lêzen wurde kinne.
 
In toverboek kin in soarte fan persoanlik [[notysjeboek]]je wêze, dat inkeld as helpmiddel foar de tsjoender sels bedoeld is, mar it kin ek in [[magy]]sk [[hânlieding|hânboek]] wêze dat skreaun is foar in breder [[publyk]]. Sa'n publyk wie lykwols beheind ta lju dy't in beskate foarkennis besieten om 'e [[yllustraasje]]s, [[diagram]]men, [[figuer]]en en magyske [[symboal]]en yn it boek te ûntsiferjen. Hoewol't toverboeken tsjintwurdich benammen bekend binne út âlde [[leginde]]n en [[myte]]n en út moderne [[fantasy (sjenre)|fantasy]]literatuer, binne der [[histoarysk]] wiere 'toverboeken' bekend, skreaun troch [[algemist]]en en oare lju dy't it [[boppenatuerlike|okkulte]] bestudearren. De measte toverboeken wiene [[pseudepigraaf|pseudepigrafen]], dy't skreaun wiene ûnder [[pseudonym|de falske namme]] fan in faak bekend [[persoan]], soms sels in [[paus]].
Wa't dêr net yn slagge, koe de [[eardske]]s of soldaatsjes net wer yn de hurdkûle banne, likemin as roeken en krieën, dy't dan yn kloften gearkamen, ferdriuwe. Ut in toverboek koe de 'frije keunst' leard wurde. Yn [[De Harkema]]/[[De Pein]] waard noch yn de [[19e iuw]] sprutsen oer 'boek fan de swarte sek', nei de yn de [[17e iuw]] yn Nederlân útjûne boeken mei keunstkes en gûcheltrúks, dy't faak 'Sak der konsten' hieten.
 
Oant fier yn 'e [[iermoderne tiid]] (teminsten oant yn 'e [[njoggentjinde iuw]]) sirkulearre soksoarte literatuer foar it meastepart yn 'e foarm fan [[manuskript]]en. Dat hie te krijen mei it tsjustere karakter fan sokke wurken, dat tsjin 'e tried fan 'e [[kristlik]]e, [[Westerske maatskippij]] yn gie, en [[sinsuer]] ferwachtsje koe fan [[geastlikheid|geastlike]] en wrâldske autoriteiten as dy der lucht fan krigen. De ierste histoaryske toverboeken datearje út 'e [[Lette Midsiuwen]]. Sa is in ier en ynfloedryk foarbyld de út it [[Arabysk]] [[oersetting|fertaalde]] ''[[Picatrix]]'' út 'e [[tolfde iuw]].
 
Yn 'e [[Renêssânse]] wiene toverboeken fan ynfloed op 'e him ûntjaande [[wittenskip]], en rekke de 'tsjoenderij' en oare okkulte kennis út 'e boeken fermongen mei [[astrology]], [[hermetisme]] en [[neoplatonisme]]. Toverboeken oefenen fierders in frij sterke ynfloed út op 'e [[symboal|symbolyk]] dy't te'n grûnslach leit oan 'e [[frijmitselder]]s en soartgelikense [[organisaasje]]s, lykas de [[Hermetyske Oarder fan de Gouden Dage]]. Geandewei it tiidrek fan 'e [[Ferljochting]] ferdwûnen toverboeken sa njonkelytsen út it algemien bewustwêzen om't wittenskippers se as in foarm fan [[pseudowittenskip]] begûnen te sjen. Om [[1900]] kamen se lykwols wer wat yn 'e belangstelling te stean troch in oplibbing fan it [[okkultisme]]. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]], doe't der gjin sinsuer mear op sokke [[útjefte]]n rêste, ferskynden hast alle bekende toverboeken út it [[ferline]] yn [[drukkerij|drukte foarm]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Grimoire ''References'', op dizze side].
*{{EvF|Toverboek}}
----
{{commonscat|Grimoires}}
}}
 
[[Kategory:Folkloare]]
[[Kategory:Tsjoenderij]]
[[Kategory:FolkloareBoek]]