Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
13
Rigel 53:
Fan east nei west sjoen begjinne de 48 steaten mei de Atlantyske kust. Dan komme de Appalachen. West dêrfan leit it bekken fan de grutte rivieren en de grutte marren. Fierder nei it westen wurdt it lân hieltyd heger en minder, oan't yn [[Wyoming]] en [[Kolorado]], dêr't in pear fan de heechste toppen fan it [[Rotsberchte]] lizze. Fan dêr ôf bliuwt it lân, it Grutte Bekken, meast 1.500 meter en heger, oant de Sierra Nevada mei Mount Whitney (4.418 m.). Dêr foarby leit it lân wer ticht by seenivo, mar by de kust fan de Stille Oseean komt dan noch it Kustberchte.
 
Alaska wurdt foaral foarme troch de noardwestlike einen fan it Rotsberchte en it Kustberchte. It westlikste útrinsel fan it Rotsberchte eindigeteiniget as Cape Prince of Wales dy't tegearre mei de Eastkaap yn Ruslân de [[Bering Strjitte]] foarmet. It útein fan it Kustberchte draait as it Alaska Berchte nei it súdwesten, en foarmet sa it Alaska Skiereilân en úteinlik de Aleûten dy't yn in bôge de [[Bering See]] beheine.
 
Hawaiï is in rige fan eilânen yn de Stille Oseaan, súd fan Alaska en west fan Meksiko. Fierder hearre ek oare eilannen ta de FS, lykas [[Porto Riko]], Gûam en [[Amerikaansk-Samoa]].